Weppers sneon 22-8

Weppers freed 21-8
21 augustus 2009
Yndieling E en F teams
22 augustus 2009

Programma sneon 22-8

    útslach
14:30 SDS 1 (zat) – AVC 1  4-3
17:00 SDS 2 – Leeuw. Zwaluwen 3  2-1
12:30 SDS 5 (zat) – AVC 4   1-4
14:30 Franeker SC A1 – SDS A1  6-1
11:00 Mulier C1 – SDS C1  g.n.t
9:00 Workum E1 – SDS E1  4-2
10:15 QVC F1 – SDS F1  6-1

Mei trije thúswedstriden en 4 útwedstriden is der hjoed al wer in aardich programma. Mail ús de útslach en oare bijsûnderheden van de wedstryd.

C1 wint
Ci hat freedtejûn mei 4-1 wûn fan Oeverzwaluwen C1. De rêststân wie fan dizze bekerwedstryd wie noch 1-1.

Op de foto

De fotograaf fan it plaatsjeboek is fannemiddei yn Easterein. Sa sille de A’s foardat se ôfreizgje nei Frjentsjer op de foto set wurde. Binne der noch jeugdleden dy’t dizze wike net op de foto kaam binne, dan kin dy harren oan it begjin fan de middei melde.

SDS 1 – AVC 1
SDS 1 spilet hjoed de twadde bekerwedstryd. Nei in gelykspyl tsjin CSL, moat der hjoed wûn wurde. Want de gasten hawwe de earste wedstryd mei 6-3 of soks sa wat wûn fan Holwert.

Op de trekker
Wat it krekt is witte wij net, mar der is hjoed iets mei trekkers bij Tsjom. Op de dielnimmerslist steane ek ferskillende trekkerboys fan SDS. Sa sjogge wij Auke Jetse Kroondijk, Coen Rameau, Jacob Jacob Sjirk Joustra en fansels Pieter Lieuwe van der Valk. Dat lêste suggereart dat der ek iets mei jarrebakken is. Sjoch
hjir

Lowlands
Wij tinke dat de SDS érs dy’t dit wykein op Lowlands it fuotbal wol wat misse. Of soene se hjoed wer  tafelfuotballe kinne tsjin de Kaiser Chiefs? Want dy binne krekt as yn 2007 hjoed ek wer de haadekt.