Weppers sneon 21-5

Weppers freed 20-5
19 mei 2011
Weppers snein 22-5
21 mei 2011

Sneonsweppers
It is hjoed sa’n bytsje de lêste kompetysjedei. Der komme noch wat ynhelwedstriden efteroan en dan is it echt dien. Op sneon hawwe wij meast allinne útslaggen mar hjoed wepperje wij ek. Want der is noch wol wat te melden en te sjen.

Programma sneon

9:00 SDS D3 – NOK D2
10:15 SDS F4 – Jubbega F4
11:30 SDS F5 – Oosterlittens F3
12:30 SDS F3 – Renado/VVI F3 1-2
11:15 ONS Sneek E2 – SDS E1
9:00 Oosterlittens F1 – SDS F1 5-2
10:15 NOK E2 – SDS E3 3-6
10:30 LSC 1890 C4 – SDS C2
10:45 LSC 1890 F3 – SDS F2 5-1
11:00 Sleat B1 – SDS B1
12:30 CVVO E7 – SDS E5
14:30 Berlikum SC 5 – SDS 6

Utslaggen
Wij wolle de útslaggen graach fia de mail trochkrije. Want der is fannemiddei net folle te dwaan yn Easterein en dan sykje de wepmasters oar fertier. Mail de útslaggen nei
dizze adressen.

Slotjûn jeugd
Justerjûn wie de slotjûn fan de jeugd mei fansels as hichtepunt it penaltysjitten. Letter mear hjiroer en hooplik foto’s.

D4 famkes en D4 memmen

Wij krigen fan de famylje Heeres noch in fleurige en kleurige foto fan de famkes en memmen fan D4. Nommen foar of nei de wedstriid tsjin elkoar.
Moarn mear oer dizze wedstryd en miskien ek wol yn de nije Treffer.

Lyk
By SDS 3 wienen de útslagen ferline wike op de lêste spyldei suver nuver. Sjoch mar ris:
IJVC 2 – SDS 3 3-3
Oudehaske 2 – SC Joure 2 3-3
WPB 2 – Heeg 2 3-3
Bolswardia 2 – Mulier 2 3-3
NOK 2 – QVC 2 2-2
AVC 2 – Sc Franeker 2 0-0

Bargjeknoeie
Nije wike sneon is de grutte bargjeknoeierij bij it SDS-SDS toernooi, mar de mannen fan de B-seleksje oefenje hjoed al efkes op de Hottingawei nû 2 by Elger Turksma thús. Sij rekkenje op in moaie en foaral lange jûn.

Fakânsje
Beste A – selektiespelers. 
Willen jullie even doorgeven aan Jaap de Blaauw, wat jullie vakantieplannen zijn. Hij wil het verplicht van iedereen weten,dit ivm met de voorbereiding op het nieuwe seizoen. 
Start eerste training waarschijnlijk op 08-08-11. 
Jaap en marco

Harsens derby (477)
Maradona bliuwt op syn best as hy syn mûle ticht hâldt en in bal oan de foet hat: