Weppers sneon 20-12

Weppers freed 19-12
19 december 2008
Weppers snein 21-12
20 december 2008

Trainingswurch
Bij SDS hat de trainingswurchens taslein. Alteast dat kinne je konkludeare út de opkomst bij de training fan SDS 2, 3, 4 en 5. Ofrûne tongersdei wiene der 8 fan SDS 2, gjin SDS 3 spilers, wie der ien fan SDS 4 (Lieuwe) en ien fan SDS 5 (Aant).
De ploech sûnder Eeltsje wûn.
Bij SDS 1 wie de opkomst wol goed te neamen. Mar sij hiene nei ôfrin dan ek in kâld buffet bij it bierke. De rest mocht krizeltoskjend tasjen.

Treffer is út
44 siden boardefol ynformaasje: dat is de nije Treffer. Dy is klear wurdt rûbrocht ien fan dizze dagen.

Hertog Jan
Stoffel liet sneon yn syn stikje wat blike dat hij  ien inkele Hertog Jan wat suterich fûn nei ôfrin fan  de wedstryd fan SDS 2 yn Ljouwert en dat hij it mar neat fûn dat er dy sa hastich opdrinke moast. Foar de koach fan SDS 2 wie dat in reden om Stoffel te ferrassen. Stoffel fûn yn syn jasbûse in briefke mei dizze tekst:

Efkes in lytse reaksje op dyn stikje op de SDS side. Ik fielde mij wat oansprutsen dat ik as sjoffeur wat gau nei hûs ta woe. Ik hie net troch datsto oan dy lekkere Hertog Jannen siest (sorry) . Ik wol dij noch efkes tanksizze foar dyn geweldich optreden as ass. skiedsrjochter. Do hast dyn Coppertest wol rûn. Do bist in bêsten foar de klup. Goed meitsje kin ik it net mear, mar dy Hertog Jannen dyst sneon net hân hast smeitsje op tongersdeitejûn ek wol. Stoffel tige tank en dat se mar lekker smeitsje meie. Klaas
De twa Hertog Jannen hawwe ûnderwilens in goed paad fûn bij Stoffel.

Sealtoernooi
De froulju hawwe jûn harren sealtoernooi. 4 ploegen fan 6 spylsters sille elkoar bestride fanôf 18.30 oere yn de Greidhoeke.

Piter (en) Lieuwe
Eeltsje, jim witte wol, dy fan dy foto, hat it ûnder it fuotbalje altiten drok…mei de mûle.
Tsjin ploechgenoaten rôp hij tongersdei konstant : do bij Piter Lieuwe. It is fansels goed om elkoar te koachen mar it  hat net folle sin at Piter Lieuwe der net is.
Wol yn it fjild stiene Pieter Kamstra en Lieuwe van der Brug. En om dy beide troch ien man ôf te dekken is ek net in goeie taktyske set. It wie dus logysk dat de oare partij wûn.

Ynterview
Fan ’t simmer op it EK soe in journalist in ynterview mei Bastian Schweinsteiger hawwe. Dit wylst it eins hast net ien ynteresseard wat hy te sizzen hat. Ek de Spanjaarden net: