Weppers freed 19-12

Weppers tongersdei 18-12
17 december 2008
Weppers sneon 20-12
19 december 2008

Sealtoernoaien
Moarn binne der 2 sealtoernoaien. De B’s en C’s hawwe ûnderling in toernoai fan 9.00-13.00. De famkes en froulju hawwe it toernoai fan 18.30-22.00.

Aardich…

… is dat we sneon 27 desimber in SDS sealfuotbaltoernoai ha fan de A-en B-junioaren.

It begjint om 18.30 (18.00 der wêze) en we ha de seal oante mei 22.30.

Doel fan de jûn: lekker balje en efkes mei syn allen sitte, bierke en b…..b…..
Klaas P.


Perfoarst net aardich…

… is it dat de A- en B-junioaren net meidogge oan it KNVB Krysttoernoai!

Woansdei krigen we it programma ûnder eagen yn de sporthal en der stienen we net yn.

Wer wer, wannear en troch wie ….it misgien is, dat is net bekend, en sil ek wol net bekend wurde.

Fan de jongereinkommisje ha hja alles noch bersocht by de KNVB, mar dat smiet neat op..

Foar de jonges is it moai kl…..!

Klaas P.

Lotting
Hjoed is de lotting foar de Champions League en de UEFA-cup. Klik
hjir om it te folgjen.

De do
Yn de jierren 70 skeat Eddy Treijtel (fan Feyenooord) in seemok út de loft. Hjir binne gjin bylden fan al is it bewiis fan de opsetten seemok bewarre bleaun. Yn Argentinië kinne sy no in do opsette. Yn in wedstryd fan San Lorenzo waard dizze do rekke troch in ferdwaald skot fan Gaston Aguirre. 
 



Letter mear!