Weppers snein 21-12

Weppers sneon 20-12
19 december 2008
Weppers moandei 22-12
22 december 2008

Krysttoernoai Frentsjer
Dirk-Yde, Tsjeard Breeuw, Skelte, Japio, de Haitsma’s en Willem hawwe justerjûn yn Frentsjer sealfuotballe. Sy spilen dêr de earste wedstriden yn de foarronde fan it Krysttoernoai fan Frentsjer. Sy begjinne aardich mei 10 punten út 5 wedstriden. 2e Krystdei sil sjoen wurde as dit genôch is om de 2e ronde te berikken. Wichtiger is fansels dat sy dan fan Tsjalling Sikma winne dy ’t foar Dronryp fuotballet.

Futsal froulju (1)
24 froulju striden justerjûn yn de Greidhoeke sporthal yn 4 ferskillende teams om de priis. It wie in tige slagge toernooi, sûnder wanklanken en blessures. Neffens de skiedsrjochters wie it in lust om te fluitsjen.

Futsal froulju (2)

Alle ploegen hawwe 3 wedstirden spile fan 20 minuten. Yn de totaal 6 wedstriden dy ’t spile binne, waard der 20 kear skoard. 

Futsal Froulju (3)
Team 2 hie 1 punt, team 3 hie 3 punten, team 4 hie 6 punten en de winners wiene: Amarins Tjalsma, Anke van Asselt, Anna Marijke Posthuma, Geeske Yntema, Sietske Okkema en Wiepkje Hiemstra mei 7 punten

Futsal froulju (4)

Willem Twijnstra rikte út namme fan it bestjoer de prizen (taartsjes) út oan de priis winners en spruts fan in tige slagge jûn.


Durk (tiidwaarnimming) Ids ( omballingen) Sipke (fluitsje) en Aant (fluitsje) waarden tank sein mei in alkoholische fersnapering. 

De winners

Fit
Foar Ype Burggraaff (SDS 5) komt de winterstop net op in goed momint. Neidat hij troch isisas meardere wedstriden net mei dwaan koe, is hij no wer sa fit as in hoentsje. In manueel terapeut hat him efkes goed ûnder hannen nommen en Ype soe sa, sûnder training, wer los kinne.

Rocke
Wa’t hjoed efkes rocke wol kin telâne yn it Dielshûs yn Wommels. Fannemiddei trede fanôf 17.00 oere
Amp, 10toGo en …..Tsjettel op.

Snein
Hjir gewoan in moai filmke oer Maradona mei in hearlik stikje musyk fan Manu Chao: