Weppers sneon 2-7

EK league nei freed 1-7
1 juli 2016
Ek League nei sneon 2-7
2 juli 2016

Kompetysje SDS 1 2016-2017
De KNVB hat de nije kompetysje yndieling foar standert alvetallen bekend makke. SDS 1 sit wer yn 3A mar mei tal fan oare ploegen as dit jier.  Der sitte gjin ploegen mear bij noardlik fan ús , der binne twa polderploegen en ien ploech komt sels út Drinte…

Efkes Balje
De skriuwer fan dit stikje hat er noch altyd in min gefoel oer dat it folweardige fuotbalfjild yn Wommels foar in part ynnommen is troch apparteminten mei keatsnammen as it partoer, de keats en de boppeslach. 
In boppeslach  hat it seker net west, mear in slach dy’t foar, neist en kwea wie.
Foar de minsken dy’t dêr wenje in daalders plakje. Hast altyd sportive bewegingen binne dêr te sjen fan jong en âld en wij tinke sels dat guon noch graach efkes meidwaan woene, at se koene. 
It kin hast net oars west ha dan dat de bewenners freedtejûn nei in dikke bui en noch wat efteropkommende rein harren de eagen útwreaunen. Yn de ferûnderstelling dat it in rêstige jûn wurde koe op it fjild, waard dat gâns oars.
Yn harren Whatsapp group gie it los mei as tema: Minsken minsken wat in minsken, seinen de minsken tsjin de minsken.
En sa wie it. Mar leafst 20 pear fuotbalskuon kamen skjin oan 

en gyngen wiet en grien fan it gers wer nei hûs werom. Yn dy skuon stiene 19 man en 1 frou dy’t allegear foldien werom seagen op in moaie grutte partij: 10 tsjin 10 en it hiele skopfjild waard brûkt.
In moaie partij omdat elkenien ta syn rjocht komme koe. De jongeren dy’t harren enerzjy goed kwytkoene, de tritigers en fjirtigers dy’t gjin belies jaan woene en de wat âlderen dyt in moaie posysje opsochten want it hiele fjild oer fleane wie no seker gjin opsje.
Moai om te sjen dat in oantal talinten fan C1 prachtich meifuotballen yn de kombinaasjes dy’t “âld” altyd sykje wol. In hearlike sportive striid dy ’t beide kearen troch team “alle kleuren útsien blau” wûn waard. 
Hie dat foaral net te meitsjen mei it feit dat Mark Klijnstra as echte keeper op it doel stie bij de winnende ploech?  En it lêste doelpunt kaam fan Harrie Kooistra en dat is net de earste kear dat hij yn dy lêste akjes op it goeie plak stiet en in doelpoging docht om te winnen.
Blau: Chiel, Lucas, Robin, Folkert Rients, Theo, Pieter, Stan, Douwe Jan, Akke Rixt, Foeke Jan
Oare kleuren: Wouter, Harrie, Dennis, Kevin, Tjitse, Aant, Menno, Johan, Mark, Ferrie.
Aant

Ielrikje
Wij hawwe iets heard fan ielrikjen hjoed yn Rien. Fanôf in oere as 4 is dat meast in hiel aardich en gesellich barren oan de kanten fan de Frjentsjeterfeart