Weppers sneon 19-7

Weppers freed 18-7
17 juli 2008
Weppers snein 20-7
19 juli 2008

Fuotbal genôch
De kommende wiken binne der genôch grutte fuotbaleveneminten. Om der rekken mei te hâlden
dit oersicht.

Bekomme

It lêste winnende doelpunt is fallen en dan is der noch efkes tiid om bij te kommen nei it safolste iepen Wommelser Kampioenskip op super lytse doelen.

Fakânsje

Der binne minsken dy kinne mar min ôfstân dwaan fan it wurk. Omdat wij Anne Brouwer juster noch sjoen hawwe en Jeroen Brouwer net, tinke wij dat  hij hjir ûnderweis is nei de kanary eilannen of earne yn dy buert.

Hurde wyn
De skútsjeskippers binne dizze wike bliid mei de stevige wyn dy’t er hieltyd is. Wij binne benijd at it hjoed ek te hurd waait bij Starum. Op
dit strân waaide it wol lekker hurd.

Bekerje
Mids augustus kinne de senioren wer los yn de beker. It liket derop dat SDS 5 foar it earst net meidocht oan de beker. Wij seagen SDS 2 , 3 en 4 wol stean, mar misten de feteranen.

Groep 1 – 14
1. SDS 2     12.00
2. ONS Sneek 2  11.45
3. Bolswardia 2   12.15

Groep 1 -1 5
1. QVC  2                 14.30
2. Oeverzwaluwen 2   13.30
3. Workum 3              14.30
4. SDS 3                   12.15

Groep 2- 31
1. Rood Geel 2            14.30
2. Top 2                    12.00
3. SDS 4                    12.30
4. Scharnegoutum 2     14.30

Muzikale groet
Nei in wike streakersfilmkes , geane wij de kommende wike wat op de muzikale toer. Jim kinne fersykfilmkes oanfreegje.  Foar elkenien dy’t dizze wike yn in wigwam sliepe mei (Willem, Richt, Tom en Pieter), de folgende hit út de jierren 70.