Weppers sneon 18-2

Weppers freed 17-2
16 februari 2012
Weppers snein 19-2
18 februari 2012

Gjin kompetysje fuotbal
Hjoed dus
gjin kompetysjefuotbal en dat betsjut dat wy wat oars útfine moatte.

Sealfuotbalje
De F-kes sille fannemoarn sealfuotbalje ûnder lieding fan Christiaan Plantinga. Dit is fan 9.00-12.00.

Klusse?
Dat dogge wy hjoed dus net. Daliks útskeakele trochdat je in
woskmasjine op de fuotten krigen hawwe. Dat sil ús net barre………………….

Nei de Hûnekop!
De iene helte fan it wepmasterduo sil jûn nei
De Hûnekop yn it Dielshûs. En foar wa dat dêr ek hinne wol kin noch gewoan kaarten helje by Van der Velde yn Wommels. Fannemoarn om 10.00 wienen der yn elts gefal noch kaarten.

Nei it Bolwurk!
De oare helte fan it wepmasterduo giet jûn nei it Bolwurk yn Snits. Hy giet dêr nei 
The Fortunate Sons. Dit is in koverband fan Creedence Cleerwater Revival. Dat klinkt ek net gek.

Reuny-sealfuotbaltoernoai
Moarn geane wy fansels nei it “reuny-sealfuotbaltoernoai” yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Foar de dúdlikheid kinne wy miskien better sizze dat moarn it “âlde-lullentoernoai” is. It begjint om 13.00. It hichtepunt leit oan it ein fan de middei mei de no alwer legendaryske speech fan Daan “Lowietje” Boersma.

Harsens derby(690)
Goed fuortstompt troch de keeper. Spitich genôch de ferkearde kant op…………..


Letter hjoed mear!