Weppers snein 19-2

Weppers sneon 18-2
18 februari 2012
Weppers moandei 20-2
19 februari 2012

Greidhoeke
Hjoed fuotbalje de âlde lullen yn Easterein. Yn de sporthal wol te ferstean. Lowie van Gaal docht de priisútrikking.

SDS 2 wint
SDS 2 hat juster syn oefenwedstryd op kuenstgers yn Snits tsjin Woudsend 1 mei 2-1 wûn. De Eastereiner doelpunten waarden makke troch Robert Sybesma en Ayanle Barkat.

SDS 5 ûnderút
SDS 5 hat juster syn oefenwedstryd yn Snits op kuenstgers tsjin Makkum 4 mei 6-2 ferlern. De doelpunten fan SDS 5 waarden makke troch Pieter Kamstra en Ronny Wagenaar(broer fan Jeroen).

Net sûnder fuotbal
Der binne minsken dy kinne hast net sûnder fuotbal. Doarps en lân strúne se ôf om mar nei it fuotbal ta te kinnen. Sneontemiddei alles ôflast útsein Harkemase Boys. Dus Appie en Arjan wiene bij it debút fan de ienmalige internesjonal Romano Dennebeam yn it redae sjurt fan de Boys. Hij koe in nederlaach net foarkomme tsjin Spakenburg. 1-2.

E1
Freedtejûn die SDS E1 de ôftraap fan it seizoen. Op de van Sminealeane waard bij ien fan de spilers thús in “kola, sjips, filmkes, kwis, scH-Nac op it grutte skerm sjen “jûntsje holden. It bekende “Theo de Jong”kwisapparaat wie fan stâl helle en de kennis fan de jonges oan de hân fan foto’s waard testen. De twa teams striden fol faasje  en úteinlik waarden Mark, Steven, Johannes en Sander de winners.
Mar it wiene foaral Mark, Sietse Marten, Kent en Steven dy’t hiel wat wisten fan fuotballers.
In tige slagge jûn en de tasizzing is dien dat bij in kampioenskip der noch sa’n feessie komme sil.

Te fytsen
Dooitze liet ús juster witte dat hij net foar de muzyk gean soe justerjûn lykas de wepmasters. Hij gie  leaver te fytsen.
Sjoch en dêr fine wij no jûns hielendal neat oan.

4de
Hast twa wiken lyn koene wij melde dat Stoffel Bouma goed fan start gien wie bij it Frysk damjen. Juster wiene de lêste wedstriden en Stoffel stie der net echt goed foar. Mar lykas foargeande 33 jier wist hij it no ek wer op te rêden. Hij waard sels 4de en it degradaasjespoek bleau fier bij hie wei.

Harsens derby(691)
Hjir kinne wy hjoed fansels net omhinne.
Wat in harlekijn!

Letter hjoed heechstwierskynlik neat mear!