Weppers sneon 15-7

Yndieling beker SDS 1
12 juli 2017
Weppers tiisdei 18-7
18 juli 2017

Kompetysje-yndieling SDS 1

De KNVB hat in wiziging oanbrocht yn de kompetysjeyndieling fan SDS 1 (Klasse 3A). Polderploech Tonego is der úthelle en “feest”ploech Willemsoord is der bijkommen.

Traine


De jonges fan SDS C1 traine noch altiten ien kear yn de wike. Tongersdeitejûn wiene se wer yn Wommels dwaande ûnder lieding fan Ferrie Korbach en Harry Kooistra

Wat âlder, wat…..


In moai byld tongersdeitejûn yn Wommels. Heit en soan Hylkema wurken efkes oan de kondysje. Foaral dy fan heit kin wol wat better sa liet Remco ús witte, wylst hij op it stekje siet en heit Wouter him yn it swit jage

Efkes Balje

Dizze wike lies de skriuwer fan dit stikje it boek “Mijn verhaal” fan Johan Cruijff. In oardiel oer it boek  sil ik hjir mar net melde, want dan fiele de Cruijff fans harren miskien wol oanfallen. Mar it sil gjin tafal west ha dat der hjoed 14 man wiene en dat de einstân fan de earste partij 14-7 wie. Dy mei it hesje wiene rekkenkundich twa kear sa goed. Dat wie fansels net sa, mar it skoaren gie wat makliker (je moet schieten, anders kun je niet scoren, soe hij wol sizze) . Wouter, Klaas, Michael, Johan, Menno, Stan en Aant wiene seker effektyf en wiene ek altyd op tiid werom sadat it skoaren op de lytse doelen wat lestiger waard foar de hesleazen.
Der wie aardich striid dizze edysje. Bal yn, bal út, korner wol, korner net, hands of oansketten, swalbe of oertreding , it wiene allegear puntsjes fan diskúsje.
In lekkere bui wie wol oanlieding om de klean ûnderdak te jaan mar gjin reden om op te hâlden. Earste partij (de wichtichste at de skriuwer fan dit stikje dy wint) winne de hesjes dus.

De “sûnder hes ploech”is yn de finale suver ekstra fanatyk. Se wolle winne en se komme dan ek op in 2-1 foarsprong.  Gewoanwei is 2 winnende doelpunten genôch, mar in ultime ienmalige regelwiziging (twa doelpunten ferskil) jout de oare ploech noch 5 minuten hoop. Dan makket Sietze Marten oan alle ûnsekerheid in ein. Hij wint mei Douw Jan, Pieter, Ferrie, Robin, Lysanne en Harry.
Dus allegear wer tefreden gesichten nei ôfrin, mar ja “dat is logisch”
Aant