Weppers sneon 14-2

Seleksjes sneon 14-2
13 februari 2009
Weppers snein 15-2
14 februari 2009

Kantine iepen?
Is de kantine hjoed ek iepen, bygelyks fanof 15.00 om efkes by te praten oer de oare wedstriden, de SDS leaugue of efkes een boomke kaarte. 
Dat is de fraach dy’t Sipke stelt. Hij wol eventueel wol kantine draaie.
Wa jout it antwurd?

Hans Kooistra
Omdat er verder geen activiteiten zijn mag de kantine helaas niet open. Sytze Kooistra wordt vandaag 69. Kunnen we daar wel even een biertje halen. 
Groet Hans

Oflast
It fuotbaljen
yn Easterein giet hjoed net troch. Fannemoarn betiid is SDS 3 der al út smiten en om 10.10 waard ek fêststeld dat it om 14.30 oere net kin foar SDS 1 en A1.

Lieders SDS 1

Frij
De spilers fan SDS 1 hoege hjoed net te trainen. Sij binne frij om efkes te sjen bij ien fan de oare wedstriden yn de
twadde klasse.

Wol traine
De spilers fan SDS 2 hawwe fannemiddei wol in training yn de sporthal. Om 17.30 oere.

Foarspelling
Voetbal21 mailde ús wer in foarspelling foar hjoed. At se der bij SDS 1 foar tekenje wolle witte wij net.
De Voetbal21 computer voorspelt vanaf nu elke woensdag de uitslagen van de wedstrijden van het aankomende weekend. Op basis van de stand en statistieken voorspelt Voetbal21 dat de uitslag van SDS Za1 – Olymp.28 Za1 dit weekend zal worden: 1 – 1.

Wêr komme sy eins wei?
SDS 1 moat hjoed tsjin Olympia ’28. De measte SDS’ers sille net witte wêr ’t sy wei komme. Auke Hiemstra wit it wol. SDS 2 siet in pear jier lyn geregeld by Olympia ’28 yn de kompetysje en dan sei Auke Buck altiten; “Wy moatte ek wer tsjin “De Doeks út Hasselt“.

Stoffel
At jim hjoed op de Skoalleseize omstappe en je merke op dat Stoffel der net is en jim lûke dan de konkluzje dat hij dan wol ris op Skylge efter de herten oansitte kin en dêrnei op it terras fan de
Rustende Jager bedarre is om fan Pigmeat te genietsjen, dan hawwe jim it hielendal mis. Stoffel damt hjoed yn Hartwert de earste wedstriid foar de persoanlik titel Frysk damjen.

Beenhakker
As Leo Beenhakker de fuotballers fan Feyenoord krekt sa oan it fuotbaljen krijt as de Braziliaan Roger by Polen dan hoefe sy harren by Feyenoord gjin soargen te meitsjen:


Letter mear!