Weppers snein 15-2

Weppers sneon 14-2
13 februari 2009
E-Greidhoeketoernooi
15 februari 2009

SDS 1 sil oefenje
SDS 1 sil tiisdeitejûn oefenje. En dizze kear op spesjaal op fersyk fan Dooitze net yn dy fiere, mar wol hiel moaie Greidhoeke of Sûdwesthoeke, mar yn de Trynwâlden. Foar Dooitze dus hast in thúswedstriid. Dick lit jim it folgende witte:
Kommende tiisdei oefent it earst tsjin Trynwalden.
Oftraap is om 19.45 oere.
We fertrekke om 18.30 sharp!
Jaap, Harm, Mark, Tsjeard, Erik, Feiko, Henk, Arnoud, Tsjipke, Tsjalling, Hendrik Anne, Redmer en Jacob van Wieren.
Dirk Yde allinnich rinne??

Meiride en meinimme
Dooitze lit sommigen it folgende witte:
Foar Jaap,Tsjalling, Tsjeard:
Ik bin tiisdei 5 foar 19:00 oere by garage de Zeeuw, foar it gefal jimme meiride wolle.

Foar Rene:
Graach de tafel meinimme, stiet yn box 6.
Efkes letter Dooitze noch in kear:
Ik ha efkes sjûn wer at we hinne moate, is wol te dwaen. Dick fynt dat it in thuswedstriid is, no dan kinne wy ek wol op de fyts derhinne tinkt my(is ek prima foar it herstel nei de wedstriid).
Tsjalling, Jaap en Tsjeard graag jimme mailadres stjoere nei dooitze.nauta@chello.nl. En Tsjalling hat my ek nog in filmke tasein. Mar doch rêstich oan, leist nog neist dyn doke tink ik sa snein te middei om healwei ien oere.

Ofl
ast?
Gert-Jan Hiemstra wie
net bliid mei it ôflassen fan de wedstriid fan SDS 1. Syn reaksje:

Tot mijn verbazing kreeg ik vanmorgen net na tienen te horen dat het voetballen afgelast is. Ik vraag me af of het niet te vroeg is geweest om te keuren. De weersberichten waren immers goed. ’s Middags vijf graden boven nul. Het lijkt mij dat er na één nachtvorstje de vorst niet heel diep in de grond zit.
Dat blijkt ook wel, want om half twee stond ik op het veld: Het lag er perfect bij.
Is het niet een optie om later te herkeuren (half twaalf had, ook ivm met vervoer tegenpartij, prima gekund)?
Als je nu niet kan voetballen, wanneer dan wel?
Gert-Jan

Net ôflast
It wedstriidboekje fan Nijlân wurdt sneontemoarn printe. Ek it foarwurd wurdt dan pas skreaun. Juster stie der yn:
Vandaag is Hollandscheveld de tegenstander. Er is vanochtend tot het laatst gewacht met het keuren van het veld. Gelukkig heeft de zon voldoende macht om de vorst uit de grond te verjagen.
It fjild lei der yndie prima bij.

Goeie dei
Neist de trije punten wie it sa wie sa in goeie dei foar Nijlân. Tsjientallen SDS-ers woene net nei de stêd, net yn de tún en net efter de geraniums. Foar Nijlân in beste ynstruier yn dizze ekonomyske swiere tiden.

De priis
Op bontsjenûmer 599 foel ien fan de prizen yn Nijlân. Ien fan de webmasters gie dêrtroch mei de bus sjampoo nei hûs. Gelokkich kin de sjampoo ek yn in burd.

Nije Treffer
De nije Treffer is (op ien lyts stikje nei) klear en giet jûn nei de drukker. As it goed giet dan leit der ein dizze wike by jim yn de bus. Der steane nijsgjirrige stikken yn mei û.o. in moai ynterview mei Robert Sybesma, in nijsgjirrich stikje oer E.P., wa is Frans Stap? en fansels jim reaksjes op de foto fan Gerard. Hâldt de briefebus dus goed yn de gaten.

Moaie linen
Der waard net fuotballe yn Easterein. Dat wie spitich want der lizze prachtige linen. Net dat Harm Bergsma it net goed die, mar omdat in bepaalde leveransier fan kalk sjen litte woe hoe goed syn kalk wie, kalke hij freedtemiddei it hiele A-fjild. En mei sukses fine wij. Wol wie it spitich dat Harm Auke syn debut as kalker net meitsje koe.

Saai
De wedstryd Ajax – Feyenoord wie yn de earste helte sliepferwekkend. Mei nammen as je krekt út de nachttsjinst komme. Lokkich wie it noch net sa sliepferwekkend as dizze wedstryd yn Brazilië:

Letter miskien mear!