SDS League: Jorine’s 11 pakt wykpriis!
12 februari 2010Weppers snein 14-2
13 februari 2010Kantine
Wij krije fan Feike troch dat de kantine om 16.30 oere iepen is.
SDS 3 bliuwt thús
De oefenwedstryd fan SDS 3 tsjin CSL 6 giet hjoed net troch.
SDS 1 nei it Fean
Seleksje foar it Fean ’58:
Jaap, Arjan, Ewout, de Haitsma’s, Feiko, Feite, Harm, Mark, Tsjipke, Dirk Yde, Tsjalling, Jelmer en Skelte.
Fertrek om 12.45 oere.
René is ferhindere (ik haw gjin idee wer hy nei ta sil)
En Marco Hoekstra sil jûn foar de earste kear mei!
Groetnis
Dick
SDS 2 oefent
SDS 2 oefent jûn tsjin Tsjumearum 1 om 18.30 op it keunstgers fan de Sweltsjes yn Ljouwert
Fuort om 17.30 oere geane:
Marten, Harm Jan, Dennnis, Syb, Jan Simon, Jildert, Sytze, Hjalmar, Durk, Hendrik, Jelte Pieter, Freek, Anne en Redmer.
Oankeap
De Overals (Klaas, Syb en Samme) binne it ôfrûne wykein nei Barcelona ta west. Dit net allinnich om wer efkes by te kleurjen en by 20 graden op in terras op de Ramblas te sitten, mar ek om de wedstryd Barcelona – Getafe (2-1)by te wenjen. Doe ’t sy dêr wienen slaggen sy der ek noch yn om wat foar SDS te “(be)tekenjen”:
Wij ha ôfrûne wykein yn Barcelona west. Der troffen wij Messi ek. We ha yn us beste engels de situaasje fan SDS even utlein. Hij seach it wol sitten om foar in pear moannen nei SDS ta te kommen. Der binne noch in pear plooien dyt nog even glêd strutsen wurde moatte. Sa as husvesting en sinteraasje ensfh……
Groetnis Klaas, Samme en Syb
VI-kwis
Sommige Nederlânse fuotballers hawwe kwalijk yn Nederlân fuotballe en dochs in moaie karriêre hân yn it bûtenlân. Kinne jim se allegear (klik hjir).
Harsens derby (137)
Ek maskottes moatte harren kop (hoe grut ek) derby hâlde:
Letter miskien mear en oars moarn!