Weppers snein 14-2

Weppers sneon 13-2
13 februari 2010
Weppers moandei 15-2
14 februari 2010

SDS 1 wint
It hat der fansels neat mei te meitsjen mar wij krigen it fersyk om it dochs te melden dat Marco Hoekstra  syn debút makke as lieder en dat René Zijlstra in frije sneon hie en dat …..SDS 1 wûn.  
Tsjin twadde klasser it Fean ’58 wist SDS te winnen troch een edeetsje en in doelpunt fan Mark Postma (in lege skower yn de lange hoeke). Mei nammen it earste heal oere wie SDS oppermachtich. Hjiryn krige Jelmer ek noch in knappe kâns mar dy miste hy. De twadde helte wie it Fean wol wat mear yn de oanfal mar stie de ferdigening as in hús.

Undanks of danksij..
Dick kin ek wol in reden oandrage wêrom SDS wûn hat:
Miskien kaam de oerwinning ek wol omdat Dooitze bytekene hie of omdat Anne Brouwer twa tassen mei treningspakken meinaam en gjin sjurts.
Sa hawwe wy yn t reserve tenue fan it Fean spiele.
Dick

SDS 2 wint ek
SDS 2 – Tzummarum 1  8 – 2 
Hendrik 3  Hjalmar 2  Sytze 2  en Freek 1 tocht ik
Groeten,
Klaas


D2 fiert karnafal

En zo liep D2 plotseling mee in de carnavalsstoet in Sneek. Het leidde uiteindelijk niet tot Braziliaanse toestanden in de Sneker Sporthal. Met de feestneus op twee keer flink het schip in. Tegen Ylst bleef de schade nog beperkt tot 7 – 0. Heeg sloeg D2 liefst 12 keer met de sambaballen om de oren. Alleen Rink vierde nog even feest vanwege zijn prachtige tegentreffer: 12-1!
Tjerk

Almar Kramer ballenjongen?

Almar Kramer uit d1 heeft zaterdag mee gedaan aan de selectie voor nuon ballenjongen van de knvb in Zeist.
Er waren 300 jongens/meisjes aanwezig die allemaal ballenjongen willen worden bij het nederlands elftal.
Na diverse oefeningen en trainingen wordt over ongeveer een week bekend gemaakt of Almar daar bij zit.
Op de foto krijgt hij wat aanwijzingen van Aron Winter.

Sealtrainen jeugd
Kommende wike wurdt der noch 3 kear troch in jeugdteam yn de seal traind en dan is dat ek alwer dien. F4 traint moarn yn de seal en E2 en E4 tongersdei.

Jierdei
De famylje Kooistra hat hjoed feest. “De ouwe hear” wurdt 70, sa wit ien fan de soannen ús te melden. Fansels ek fan ús de hertlike lokwinsken.

Trainingen SDS 2
Klaas Okkema hat efkes yn it waar sjoen en hij sjocht noch gjin gerstrainingen de kommende wike.
Programma SDS 2 kommende wike:
Tiisdei. 18.30 op keunstgers yn Snits.
Fuort: 18.00.
Tongersdei: sjoch tiisdei.
Sneon: kompetysje? Skaadwedstriid SDS 2 – Makkum 2
P.s tink eefkes om it ferfier nei de trainingen. 
Gr. Klaas

Traine SDS 1
Foar it earste jilt itselfde als it twadde.
Tiisdei en tongersdei yn Snits trene om 18.15 oere.
Fertrek 18.00.
Doch oars de klean fest oan dan hoefe we der net op de man mei de kaai te wachtsjen..
Dick

Voetbalschool Noord Sneek
Op 3 maart begjinne de trainingen wer by Voetbalschool Noord. Sjoch hjir harren nijsbrief. 

Harsens derby (138)
Ús kollega-wepmaster Sjouke Walinga fan ONT trof juster in ferdwaalde SDS’er op de fjilden yn De Pein:
Krekt foar healwei treien komt hjoed in fint mei in SDS sjaal om’e nekke bij ús it sportpark op. Hy sjocht wat om him hinne, op it fjild it giel/swart fan ONT en it grien/wyt fan Heerenveense Boys. Mar gjin wyt/swart fan SDS. Al hielendal yn’e war komt de man yn ús kantine: “Spilet SDS hjit net?” No, nee dus. Ik moetsje de man en hy freget als wy internet ha, hy hat namentlik gjin mobiel. ONT hat internet dus ik mei de man efter de kompjûter. Wol efkes freege nei syn namme. Hinne (=Enne) Bruinsma wie de namme. De SDS site lit sjen dat SDS 1 hjoed tsjin ’t Fean ’58 1 oefenje sil. Dus Hinne(=Enne) dér hinne. Hy sil grif in kertier mist ha.
Sjouke

Harsens derby (139)
Mei dit waar komt der net folle fan fuotbaljen op de fjilden. Tiid dus om wat oars út te finen. Nei it sealfuotbaljen, tafelfuotbaljen en it blaasfuotbaljen hawwe de frou en ik fannemoarn wat nijs útfûn: