Weppers sneon 11-2

Weppers freed 10-2
9 februari 2012
Weppers snein 12-2
11 februari 2012

SDS League
Jim kinne jim nije team foar de SDS League allinnich hjoed noch ynleverje. Klik
hjir foar it formulier. Degenen dy ’t al meidien hawwe oan de earste helte fan de SDS League en net in nij team ynleverje dogge gewoan wer mei itselde team mei.
De KPN’ers kinne no ek wer maile dus dat moat slagje.
As jim jim team maile graach efkes de nûmers fan de spilers derby sette.

Lokwinske
Mar leafst trije jierdeis op dizze winterske dei. Hendrik Okkema wurdt 51, Broer Jacob Greidanus wurdt 20 en Joshus Walta wurdt 12. Fan herte lokwinske.

SDS 1, 2, 3 en SDS A1
Leafhawwers kinne fannemiddei fanôf 15.15 sealfuotbalje yn de sporthal yn Easterein. Wa te reedriden wol, mei wol op it iis bliuwe. Riders dy ’t ferlet hawwe fan in hapke of snapke binne ek wolkom.
Graach in pear euro’s meinimme, we dogge in toernoai.

Manchester United – Liverpool
Foar degenen dy ’t fannemiddei net ride en net sealfuotbalje is der ek noch wol wat oars leuks. Fannemiddei om 13.45 op Sport 1.
suarez en evra
It liket sa moai dat tomke omheech bij it sjurt fan Evra. Mar de man fan Liverpool liet him fan de minne kant sjen. Hij wegere foar de wedstryd de hân te jaan en waard nei ôfrin efkes opsocht troch de ek al wer ûnsportive Evra. 

Harsens derby(683)
Sommige skiedsrjochters binne krekt Hans Klok(of Kazan):