Weppers freed 10-2

Weppers tongersdei 9-2
8 februari 2012
Weppers sneon 11-2
11 februari 2012

SDS League
Jim kinne jim nije team foar de SDS League wer gearstalle. Klik
hjir foar it formulier. Graach ynleverje foar sneon 19.00. Degenen dy ’t al meidien hawwe oan de earste helte fan de SDS League en net in nij team ynleverje dogge gewoan wer mei itselde team mei.

SDS 1, 2, 3 en SDS A1
Sneon om 15.15 oere sealfuotbalje yn Easterein.
It is foar de leafhawwers en dus gjin ferplichting.
Wa te reedriden wol, mei wol op it iis bliuwe.
Graach in pear euro’s meinimme, we dogge in ûnderling toernoai.
Groetnis,
Marco

SDS 65 jier
SDS is 10 augustus jierdei en wurd dan 65 jier. Set de datum mar fêst yn jim aginda. De tariedings binne al yn folle gong.

Drege tiden
Der wie juster wat mis mei de link, mar hy wie te leuk om net te lêzen
It binne drege tiden foar Ajax. Rjochtsaken en drege wedstriden. Se sjogge it dan ek net sitten tsjin Manchester United. Sij hawwe al in brief
skreaun.

Harsens derby(682)
Yn sa ’n gefal moatte je as oanfaller rêstich bliuwe en as ferdigener yn bline panyk……………. “Tikje werom op Jaap………….”:


Letter mear!