Weppers snein 12-2

Weppers sneon 11-2
11 februari 2012
Weppers moandei 13-2
13 februari 2012

Op it iis
Hjoed dogge de fuotballers wierskynlik wer kondysje op op it iis. Fanút Wommels start de grutte en lytse Hinnaarderadieltocht. Kommende wike sille de Sandstra’s wer ferwiksele wurde foar de Nikes en de Adidassen.

Traine in de seal

Ma.    17:00-18:00  F7 Lourens van der Pol
Ti    16:50-17:50 F5/F6 Foeke Dirk Reitsma
To 17:00-18:00 F3/F4 Christiaan Plantinga

F-kes
Zaterdag 18 februari is er een toernooi voor de F-pupillen van 9.00 tot 12.00 in de sporthal de Greidhoeke . Je kan je via deze link opgeven. Opgeven kan tot donderdag avond 18.00 uur. Geef het door aan je klasgenoten en/of je vrienden.

Sealfuotballe
Justermiddei hawwe 9 SDS’ers noflik sealfuotballe tegeare mei 12 man fan TOP’63. Sa koenen sy moai mei 4 teams in toernoaitsje dwaan.

SDS League
Hjoed de hiele dei teams ynfiere yn de kompjoeter en dan hoopje wy tongersdei mei de earste st6an te kommen.

Tillefoan kwyt?
Foar in skoftke werom is der op it B-fjild in Samsung-tillefoan fûn. Wa ’t tinkt dat de tillefoan fan him is kin maile nei
info@vv-sds.nl.

Zlatan
“Ik Zlatan” hjit de biografy fan Zlatan Ibrahimovic, dy’t ynkoarten útkomt. Fan trainers hat hij net in hege pet op: Cruijff is een halve zool, van Gaal is een dictator, Adriaanse was een soort Gestapo en Guardiola is een laf watje.

Harsens derby(684)
Wer ris wat oars dan al dy flauwe fuotbalfilmkes. gean der mar efkes noflik foar sitten. Myn favoryt is nûmer 3: