SDS-League: ‘BarbEeltsje’ de nije koprinner!
8 april 2021Johan Wittermans nije trainer/coach SDS Vr.1
10 april 2021Goed nijs
By Vr.1 stoppet Akke-Rixt Zijsling as trainster en Tarina Veenje as liedster. Dit is tige spitich en dat betsjutte dat SDS op syk moast nei nije lieding foar de froulju. Ut betroubere bron hawwe wy fernaam dat dit slagge is! Fannemiddei mear hjir oer!
Min nijs
De fersoarger fan SDS 1, Hennie Roubos, hat bekend makke nei dit seizoen te stopjen by SDS. De ôfstân tusken syn wenplak Gorredyk en Easterein wurdt him te grut. Wy wolle Hennie hjirby tankje foar alles wat hy goed fersoarge hat by SDS. Hy hat der mei foar soarge dat wy no in moai fersoargershokje hawwe op it sportpark. SDS sil op syk nei in nije fersoarger.
Hennie fersoarge net allinnich SDS’ers.
Programma sneon 10 april
Der wurdt wer folop fuotballe hjoed yn Easterein, mar wy merke dat de fuotballers hieltiten mear ta binne oan nije útdagingen lykas de Regiocup. Hjoed dêrom in lyts programma:
9.00 – 10.00 oere: Minileague
9.00 – 10.00 oere: SDS JO8 oant en mei de JO10
10.30 – 12.00 oere: Underling JO15-toernoai
Strjittefuotbaltoernoai
Luka van der Weg organisearet eltse snein in strjittefuotbaltoernoai. It soe moarn wer de lêste kear fan in syklus wurde. Y.f.m. it foarspelde waar is beslúten om juster alfêst te baljen en de winners bekend te meitsjen. Dêrneist hâlde hy in ferlotting. Om prizen betelje te kinnen hat hy by de doaren del west. Fan SDS hat hy 3 truien en 4 ballen krigen om te ferlotsjen.
SDS-online-kwis
In groepke enthousiaste SDS’ers binne drok dwaande om in SDS-kwis ynelkoar te flansen. Dit sil online barre. Hâld freed 23 april mar fêst frij. Dizze kwis is foar elkenien dy ’t it mar leuk fynt en wat dan ek mei SDS hat. de fragen sille dan ek oer SDS gean op wat foar manier dan ek.Ynkoarten mear nijs hjir oer.
Doe’t kwissen noch net online barden……..
Poiesz-aksje
It is hjoed de lêste dei om sponsermunten by de Poiesz yn Skearnegoutum yn te leverjen foar SDS, dus dat kin noch krekt efkes.
El Classico
Yn Spanje wurdt hjoed de klassieker Real Madrid – Barcelona ferspile. Barcelona hie der foar soarge dat der yn Madrid in grut spandoek kaam te hingjen mei Frenkie de Jong en Pedri der op. It docht je mear en mear útsjen nei de Regiocup as SDS wer ris dé derby fuotbalje mei tsjin vv Nijland. Sjogge je it al foar je?
En dan in grut spandoek mei ‘Frenkie’ Bervoets en ‘Pedri’ Hoogerwerf op it tsjerke fan Nijlân………
Doarpsklup
Yn de Ljouwerter Krante fan ôfrûne woansdei stie in alderaardichst stikje oer doarpsklup vv Nijland dy ’t 75 jier bestiet. Op de legendaryske teamfoto sjogge wy noch in pear âlde bekenden.
Sjoch hjir.
Harsens derby (2295)
It bestuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuhhuhh!
Oi Oi – see you later! 👋
(🎥 Peter Moore) #SundayLeague pic.twitter.com/PFJgRjqEag— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) April 5, 2021