Johan Wittermans nije trainer/coach SDS Vr.1

Weppers sneon 10-4-2021
10 april 2021
SDS-League: ‘Onana Clean Sheet’ pakt de wykpriis!
13 april 2021

Wy binne tige bliid dat wy bekend meitsje kinne dat Johan Wittermans folgend seizoen Akke-Rixt Zijsling opfolgje sil as trainer-coach fan SDS Vr.1. Johan Wittermans hat de ôfrûne jierren 3e-Klasser SWZ Vr.1 traind en is yn it besit fan Oefenmeester 3. SDS Vr.1 spilet ek 3e Klasse.
Neist Johan komt ek Richard de Greef oer fan SWZ. Richard is al jierren assistent fan Johan by de trainingen en stiet him sneons by by de wedstriden.
SDS is tige wiis mei dizze oanfulling.

SDS is bliid dat der sa snel handele wurde koe om sa froulju oer de streep te lûken om ek de kommende jierren by SDS Vr.1 op niveau fuotbalje te kinnen. SDS Vr.1 hat der jierren oer dien om op it 3e-Klasse niveau te kommen en it soe moai wêze as dat mei dizze groep noch jierren kin en miskien yn de takomst sels omheech te sjen.

Ofrûne woansdei hawwe Johan en Richard al efkes in proeftraining joen en dat befoel fan alle kanten prima.

Johan Wittermans sil foar guon SDS’ers gjin ûnbekende wêze. Hy mei ek graach keatse en is dan ek wol te bewûnderjen by de 50+-keatserij wêr ’t wy û.o. Henk Mulder, Anne Brouwer, Sipke Hiemstra, Hendrik Eringa en Roel Sijbesma ek wol fine kinne.

Foto Nico Altenburg

Johan Wittermans en Richard de Greef by SWZ Vr.1