Weppers snein 11-1

Weppers sneon 10-1
9 januari 2009
Weppers moandei 12-1
12 januari 2009

SDS-sealtoernoai
Sneon 17 jannewaris is wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren. It is de bedoeling dat alle spilers fan SDS 1, 2, 3 , 4 en 5(én 6!) hjiroan meidogge. Graach opjaan by je leider foar tongersdei 23.00.

Midwintercup
De sealfuotballers fan Friesland hawwe juster de Midwintercup wûn. Sy wûnen yn de finale nei strafskoppen fan Urk. De wedstryd wie yn 1-1 eindige. Ien miste pingel fan Urk wie foar Friesland genôch om de titel te pakken. Yn de heale finale wûnen sy ek al nei pingels fan de grutte ferrassing VIOD. Yn de kwartfinale hienen sy noch oertsjûgend wûn fan outsider CSL.
De grutte favoriten Avanti en Drs. Vijfje wienen yn de poule al útskeakele. Exstador gie der yn de kwartfinale út tsjin VIOD.
Âld-SDS’er Broer Wiebe de Ringh pakte mei Oeverzwaluwen in fertsjinstlik 3e/4e plak. Sy ferlearen yn de heale finale fan Urk.
Friesland is no de earste klup dy ’t yn in jier sawol de Midsimmercup as de Midwintercup wint (klik
hjir).

Midwintercup (2)
It wie yn Frjentsjer al te merken dat SDS net meidie. It wie bomfol yn de Trije, mar der waarden mar 5 SDS’ers teld. Hjirfan wienen der 2 wepmasters. Dy oaren wienen Lolke, Sicco en Jildert.

Tripke SDS 1 levert blessure op
Wij hawwe fernommen dat de spilers fan SDS 1 harren tige fermeitsje yn Amsterdam. Neffens ús korrespondint dêr sjogge se harren de eagen út. Of better sein se komme eagen te koart. Sa koe it dan ek barre dat ien fan de spitsen fan SDS tsjin in pealtsje en dus tsjin in blessure oprûn. It is ús net bekind dat er in pealtsje op de Zijdsvoorburgwallen is, dus wij moatte hast wol oannimme dat mooglik
it pealtsje fan Easterlittens der bij belutsen is.

Sealtraine jeugd
It skema fan it sealtrainen foar dizze wike sjocht der sa út:

ma 12-jan 17.00  E1 Remco Bervoets/Jesse
do 15-jan 17.00 E2 Bauke Dijkstra
do 15-jan 17.00 E3 Feiko Scheepvaart
vr 16-jan 17.00 E4 Jelle de Boer
vr 16-jan 17.00 F2 Broer J. Geidanus

Sjoch foar de rest fan de winter hjir.

Programma sneon 17-1
Kommende sneon steane der twa wedstriden op it programma:
SDS 1 oefent yn Dokkum tsjin Be Quick om 14.30 oere
SDS Da1 oefenje tsjin SDS DaJ om 14.45 oere.

Mei skerp
Feyenoord is op trainingskamp en sjit eindelijk ris mei skerp:
afbeelding vergroten

Aardich
Hjirûnder kinne jim Iya Traore sjen. Hy fuotballe yn it ferline by Paris Saint Germain, mar kaam dêr net folle oan de bak. Dochs koe hy wol in aardich baltsje traapje. Hy li dit no faak sjen yn it sintrum fan Parys: