Weppers snein 9-6

Teamyndielingen jeugd en Vr.1 2019-2020
8 juni 2019
Teamyndielingen manlju senioaren 2019-2020
13 juni 2019

Ein-Treffer

No ’t de lêste kompetysjewedstriden sa goed as west binne kinne wy de Ein-Treffer oftewol de Weromsjen-Treffer meitsje. Wy hawwe jim help der wol by nedich. Fan elk team wolle wy graach wer in koart seizoensferslach hawwe. Mail jim ferslach nei DeTreffer@vv-sds.nl! Moarn kin it op syn lêst!

Efkes Balje


In buike hjir en buike dêr. In buike no en in buike aansens. Je kinne dan fan alles ôflasse yn oerlis mei waarmannen, mei profeten of gemeenten dy’t altyd mar graach ôfwolle fan eveneminten at er in de fiere fierte in risiko driget oan te kommen. It wie gewaon droech om 19.30 oere yn Wommels en de Efkes Ballers wiene net ferbaasd. Sij hiene nei in wike hurd wurkjen in droech oerke Efkes Baljen fertsjinne.
10 man op it krekt foar dizze gelegenheid wiet makke fjild. Sij sizze de sponser ReinfanBoppen tank foar dizze planning.
It soe los mei mar 9 man mar doe’t Folkert Rients him heakoartsfrij fielde koe hij syn fuotbalhormoanen net yn bedwang hâlde en melde him lang om let. It fjild waard gelyk 8 meter langer makke.

Giel hat wûn…. wa oars?

De gielen: Kerst, Harrie, Ferrie, Robin, Tjitze en Wiebren
De oaren: Menno, Jurjen, Folkert Rients, Remco, Theo en Klaas

Finale

Scahrnegoutum ferlear juster yn de neikompetysje mei 2-1 fan Rijperkerk en is útskeakele. Kollum wûn fan Leovardia mei 3-1 en giet dus ek nei de finale.
Kommend wykein is de finalewedstriid op neutraal terrein dus tusken twa ploegen út 3B,  Rijperkerk en Kollum. De winner promoveart nei de twadde klasse.

Makkum promoveart!

Makkum wûn juster yn de finale fan de neikompetysje yn de 4e-Klasse yn Koudum mei 2-1 fan QVC en promofeart dêrtroch nei de 3e-Klasse.

Ut it ferline


Wij seagen noch efkes nei de tredde klasse fan 1987. Wa sieten der doe en yn hokker klasse spylje sij no? De measten spylje no op it selde nivo of heger. In inkele klup sit no yn de 4de klasse.

De Bond

Op Pinkstermoandei is jierlijks de tradisjoniele Bûnswedstriid keatsen yn Frjentsjer. Op de list sjogge wy hiel wat SDS’ers en âld-SDS’ers foarby kommen. As wy noch ien misse dan heare wy it graach. Wy kamen oant dizze 19:
Kees Adema (Amsterdam), Habtamu de Hoop, Erik Haitsma, Jacob-Klaas Haitsma(Wommels), Dylan Drent (Harlingen), Bote Jellema, Doede-Rients Okkema (Easterein 2), Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra (Easterein 2), Gertjan, Jan-Peter en Egbert Bootsma (Itens), Ydo Harkema (Spannum), Reitze Klijnsma (Franeker), Jelte-Pieter Dijkstra (Heerenveen), Feiko Broersma (Ljouwert), Bouke Fopma, Ewout de Boer en Tjeerd de Vries (Wommels 2).
Benijd as der fuotbalklups binne mei mear keatsers!

Harsens derby(2139)

Ien-twa, hupakee!