Teamyndielingen manlju senioaren 2019-2020

Weppers snein 9-6
9 juni 2019
Weppers tiisdei 18-6-2019
18 juni 2019

Hjir binne dan de foarlopige teamyndielingen fan de manlju senioaren foar it kommende seizoen 2019-2020.
Mochten je ek lid wurde wolle dan kin dat hjir.

SDS 1:

Bauke Dijkstra
Erik Haitsma
Frank Bervoets
Gerwin Sijbesma
Habtamu de Hoop
Hendrik de Jong
Jaap Toering
Jacob Klaas Haitsma
Lourens van der Pol
Marco Rijpkema
Matthijs Postma
Pieter Sijtsma
Remco Hylkema
Wiebe Heeres
Peter Hoogerwerf
Steven van der Pol
Wierd Hofstra
Luuk van der Schaar
Robin van der Weg

By SDS komt Peter Hoogerwerf fan ONS JO19-1 en Steven van der Pol, Wierd Hofstra, Luuk van der Schaar en Robin van der Weg oer út de JO19-1. Begjin desimber komt Jelte-Pieter Dijkstra yn Wommels wenjen en is it de bedoeling dat hy by de A- of B-seleksje oanslút.
Ewout de Boer docht in stapke werom nei SDS 2 en Jorrit Hofstra stoppet foarearst y.f.m. syn studie. Yward Zijlstra stoppet ek y.f.m. syn studie, mar hoopje wy noch behâldsje te kinnen foar SDS 2 of 3. Watze-Jacob stoppet by SDS 1 y.f.m. syn stúdsje, mar slút al oan by SDS 3.
Jappie Wijnia wurdt de nije spitsentrainer by SDS 1 en Robert Hoekstra de assistent-trainer. Tjerk van der Pol flagget en Douwe Posthuma giet syn twadde jier yn as trainer fan SDS 1.
De earste training fan SDS 1 sil wêze op sneon 10 augustus.
Tongersdei 20 juny om 20.00 oere komt de seleksje alfêst tegeare om it oer folgend seizoen te hawwen.

 

SDS 2:

Arjen Los
Bote Strikwerda
Dirk de Jong
Ewout de Boer
Inne Heerma
Jesse van der Weide
Jildert van der Werf
Jort Strikwerda
Jurjen Los
Lieuwe Vriesema
Niels Hazewindus
Sjoerd de Vries
Tjeerd de Vries
Wietze Yntema
Steven Vellinga
Wesley van de Wint
Elger Turksma

By SDS 2 komt Ewout de Boer fan SDS 1 en komt good-old Elger Turksma oer fan Blija. Wietze Yntema, Steven Vellinga en Wesley van de Wint komme oer út de JO19-1. Bote Strikwerda is noch in skoft blesseard, mar hooplik kin dy folgend seizoen nei de winterstop wer wat los.
Keeper Gertjan Bootsma hat dizze wike witte litten te fertrekken nei vv Oosterlittens.
De Technyske Kommisje is dwaande om te sjen wa ’t no folgend seizoen yn SDS 2 keepe sil no ’t Gertjan fertrekt.
Klaas de Haan sil kommend seizoen ek wer flagje by SDS 2. Wy binne noch op syk nei in leider. Okke van der Kamp sil foar it twadde jier SDS 2 traine.
Tiisdei 13 augustus begjint SDS 2 wer te trainen.

SDS 3:

Anne Stenekes
Cor van de Belt
Hendrik Engbrenghof
Jelmer Posthumus
Kees Adema
Mark Postma
Marten Faber
Pieter Kamstra
Piter van der Pol
Sjoerd Rispens
Skelte Anema
Stefan van Krimpen
Watze-Jacob van der Wal
Willem Wijnia

SDS 3 is in hiel nij team binnen SDS om de oergong fan prestaasje nei rekreaasjefuotbal wat nofliker ferrinne te litten en de jeugd de romte te jaan yn SDS 2.
Anne Stenekes, Hendrik Engbrenghof en Marten Faber  dogge in stapke werom nei de lêste twa jier yn SDS 2 balle te hawwen.
Cor van de Belt fuotballe jierren by vv Nijland en wennet yn Wommels. Hy sil no sjen as in SDS-sjurt him stiet.
Jelmer Posthumus komt net folle oan trainen ta, mar wol him graach ynsette foar SDS 3.
Kees Adema, Mark Postma, Sjoerd Rispens en Skelte Anema binne wer op lid wurden fan SDS nei inkelde jierren ‘sabatical’.
Piter van der Pol wol it fuotbaljen wer wat oppikke en Watze-Jacob van der Wal hat it drok mei syn stúdsje, mar wol sneons noch wol wat yn SDS 3 balje.
Stefan van Krimpen wol op sneons wolris út de kampingslippers en de fuotbalskuon wer oan. Hy is sa no en dan wol beskikber.
Pieter Kamstra en Willem Wijnia binne frij ynsetber yn sawol SDS 3 as 5.
Der steane noch wat spilers te trappeljen om ek yn SDS 3 te komme fuotbaljen, mar moatte harren noch efkes offisjeel oanmelde. De gesprekken binne geande en wy ferwachtsje dat der noch wol in pear by komme.
Foar SDS 3 wurdt noch socht om in lieder.

SDS 4:

Allert Turksma
Andries Lanting
Arjan Hallema
Bram Strubbe
Broer Jacob Greidanus
Doede Sijszeling
Eeltje Postma
Gerrit Tessemaker
Gert-Jan Hessels
Haije-Jan de Boer
Ids de Boer
Igor Kalinowski
Jelmer Brouwer
Johan Postma
Johannes Abma
Jorrit Veldman
Klaas Bouke Faber
Martijn Rispens
Peter Stuiver
Pieter de Vries
Ralph Wariman
Remon Bouma
Rick Hendriks
Steffen Bruinsma
Sytse Hibma
Thomas van der Meer
Tseard Verbeek
Wietse Vink

Beert-Siebren de Jong en Wouter-Jan Postma hawwe harren fuotbalskuon yn de wylgen hong.
De lieding fan SDS 4 is der al yn slagge om ‘nije stjêr’ Ralph Wariman sa fier te krijen om yn SDS 4 te fuotbaljen nei in knappe staasjeperioade. Ralph fuotballe hjir foar jierren yn SDS 2.
Peter Stuiver hat keepersambysjes en giet probearjen safolle as mooglik mei SDS 2 mei te trainen as keeper.
Gert-Jan Hessels, Igor Kalinowski en Johan Postma en Eeltje Postma nimme it liederskip wer op harren.

SDS 5:

Anco Elgersma
Auke Hiemstra
Dirk-Yde Sjaarda
Doede Douwe Koopmans
Gert-Jan Hiemstra
Gert-Jan Hiemstra
Harm Stremler
Harm-Auke Dijkstra
Henk Postma
Ids Boersma
Jan-Simon Jelsma
Jentsje Jorritsma
Jeroen Wagenaar
Klaas van der Weg
Peter Sybesma
Pieter-Lieuwe van der Valk
Robert Sybesma
Ronny Wagenaar
Tjeerd Dijkstra
Tsjipke Okkema
Wichard Deinum
Feite de Haan
Syb Overal

Gerlof-Jan Hofstra (tydlik?) en Hans van der Schaar stopje beide mei fuotbaljen.
Feite de Haan sil de routiniers fersterke nei jierren yn SDS 2 balle te hawwen en Syb Overal hat de skuon wer út de wylgen helle en giet baljen by SDS 5.
Harm Dijkstra en Jappie Wijnia binne wer de lieders fan SDS 5 (hjirfoar SDS 3) en Daan Boersma sil de flagge wer heech hâlde!

Alle teamyndielingen binne yn goed oerlis gien mei de spilers en leiders, dus dat moat goed komme yn 2019-2020!

Dit is fansels in foarlopige teamyndieling en wy dat elke SDS’er frij ynsetber is binnen SDS. Wy hoopje dan ek dat der kommend seizoen net wer wedstriden net troch gean om ’t der te min spilers binne. Dy binne der namelijk net. Mei 90 fuotballers by de senioaren moat it slagje om sneons mei 5 teams te fuotbaljen!