Weppers snein 9-10

Ut- en ferslaggen sneon 8-10
7 oktober 2011
Weppers moandei 10-10
9 oktober 2011

Trainen SDS 1
Moandei om 19.30 oere (Sjoerd de Vries, Tjeerd de Vries en Wytse Fopma binne ek wolkom!)
Tiisdei om 20.15 oere
Tongersdei om 20.15 oere.

Pupillen fan de wike

Tsjipke Klaas Okkema mei Merein Petra


Jaap Toering mei Rimmer Kamstra

Blija
Dat de topografyske kennis fan inkele SDS spiler wat ûnder in normaal aksepteard nivo is, die wol bliken doe’t Anne Brouwer de fraach krige fan ien fan de lieders fan SDS 5 (en net Jappie Wijnia) at Blija de klup fan Ternaard is.

Boppe-oan
Yn Blija kaam SDS 5 der efter dat sy der hielendal net sa gek foarstean. Dizze foto waard ek noch wol naam foar de wedstryd dy ’t SDS 5 mei 6-2 wûn. Doelpunten wiene der fan Jappie Wijnia (3), Wichard Deinum, Willem Veenstra en in e.d-tje. It kompleet ferslach fan dizze wedstriid kinne jim hjir fine en wij sjogge in dúdlike Sikmastyl.

Fan 7 nei 0
Dirk Yde Sjaarda wie skorst foar 7 wedstriden troch in reade kaart tsjin Heerenveense Boys. Wol hiel swier straft, fûn elkenien dy’t it sjoen hie.
It berop tsjin de straf hat holpen. De skoarsing is werom brocht nei 0 wedstriden.
Dat soe neffens ús betsjutte dat de skeids in ferkearde beslissing dien hat wêrtroch net allinne Dirk Yde de dupe wurden is mar ek SDS, want mei 10 man fuotballet it minder. Wat kin sa’n útspraak betsjutte yn it ramt fan ynternasjonale regeljouwing: Moat de wedstriid no fanôf it momint fan it ûnterjochte fuortstjoeren fan Dirk Yde net op nij spile wurde?

De beste
Op fersyk fan Bauke Jan Plantinga litte wij jim witte dat hij op dit stuit fan de famylje Plantinga de topskoarder is. Dat betsjut en dat moast der foaral bij, dat hij mear skoard hat as Jitske.

Rûnom Easterein
Fannemiddei at it droech is of reint, wurdt der fytst tusken Easterein, Itens, Rien, Reahûs en Hidaardersyl. Letter is der sadelpinebal bij Noflik Bergsma mei Butterfly.

Kreas
As jim juster goed opletten hawwe dan is jim opfallen dat it paad foar de boksen wer netsjes straten is. Jelle, Klaas en Andrys hawwe dit mar kreas dien.

Darte
Yn de kantine fan de Skoalleseize binne of komme meikoarten dartbuorden te hingjen.
Wij as aktiviteitenkommisje wolle besykje om dit ek oan te bieden as aktiviteit op de kaartjûnen die wij organisearje.
Miskien kin we der in soarte fan kompetitie fan meitsje.
Siemon Kingma sil it darten foar syn rekken nimme.
De folgjende Kaart & dart jûnen binne op 20 oktober en 17 november. We begjinne om 19.30.
De ynlis foar it kaarten is 3 euro en foar it darten 1 euro.
Namens de aktiviteitenkommisje.

Goed nijs
Foar eltsenien dy ’t kabel fia Ziggo sjocht is der goed nijs. Fan 14 oktober oan ’t en mei 23 oktober(Ajax – Feyenoord) stjoere sy fergees Eredivisie Live út.

Harsens derby (583)
Dit is in knappe tackle:




Miskien letter mear!