Weppers snein 8-5-2022

Sneon 7-5-2022
6 mei 2022
Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Go Ahead Eagles
9 mei 2022

Reuny

Wat in aardichheid om juster de mannen wer te sjen dy ’t yn 1980 kampioen waarden mei SDS 1. De mannen hawwe harren ek prima fermakke, want sy dienen justerjûn úteinlik it ljocht út yn de kantine.

Steand: Rintsje Zijlstra, Jan van Asselt, Ids Boersma, Klaas Okkema,  Gerard Bijl, Piet de Jong, Ynze Jorritsma en Klaas Overal.
Sittend: Henk Walda, Lolke Okkema, Hindrik Okkema, Jelle de Boer, Roelof Joustra, Wouter Hijlkema en Wim Bakker.
Lieder fan doe Hylke de Vries koe troch omstannichheden net oanwêzich wêze. Siepie Visser is net mear ûnder ús. Fan de trainer fan doe Roel de Wit wie gjin wenplak bekend. Wy hawwe no fernommen dat hy yn Frjentsjer wennet.

Nûmer 112

Hendrik de Jong makke juster syn 112e goal yn SDS 1 en dat wie meiiens in hiele bysûndere. Hy is no de âldste spiler dy’t ea skoord hat yn SDS 1. Hy wie juster namelijk
1. Hendrik de Jong, 39 jier, 10 moanne en 25 dagen (7-5-2021 goal tsjin DWP).
2. Feite de Haan, 39 jier, 7 moanne en 22 dagen (28-1-2017 goal tsjin Oudehaske).
3. Willem Wijnia, 38 jier, 8 moanne en 10 dagen (27-9-2014 goal tsjin Mulier).
4. Harm Stremler, 37 jier, 11 moanne en 20 dagen (15-9-2012 goal tsjin ONT).
5. Wichard Deinum, 37 jier en 27 dagen (23-4-2005 goal tsjin Kootstertille).
6. Douwe-Dirk Reitsma, 34 jier 11 moannen en 27 dagen (19-3-1994 goal tsjin Rijperkerk)
7. Jappie Wijnia, 34 jier, 5 moanne en 10 dagen (14-9-2002 goal tsjin Workum).

Alle 3

De familie De Jong is sawisa wol fan de statistiken en sa kaam der juster noch in moaie foarby. No ’t Hendrik juster thús skoorde tsjin DWP hawwe sawol Jan de Jong, Dirk de Jong as Hendrik de Jong thús in kear skoord tsjin DWP.

Fuotbalplaatsjes

Henk Bootsma hat ferskeidene fuotballers al op de foto setten foar yn it SDS-jubileumplaatsjesboek. De kommende wiken sil der noch mear plaatsjes sjitte:

Harsens derby (2375)

It is hjoed memmedei!