Weppers snein 8-3

Utslaggen sneon 7-3
6 maart 2009
Weppers moandei 9-3
8 maart 2009

F1

De mantsjes fan F1 steane yn it skoft fan de wedstriid efkes yn it sintsje tsjin de knuffelmuorre oan. Dat holp, want se wûnen úteinlik mei 8-0.

Ouwe-lullen-toernoai
Fannemiddei fanôf 13.00 sil yn de sporthal fan Easterein wer it jierlijkse “ouwe-lullen-toernoai” ferspile wurde. Wa ’t fedettes út it ferline wer ris oan it wurk sjen wol, moat fannemiddei dus yn de sporthal wêze. It hichtepunt fan dit toernoai is fansels altiten de taspraak nei ôfrin fan Daan “Loewietje” Boersma.

Derôf en derbij
SDS 5 spile sneon yn Bitgum. Tjeerd Dijkstra koe mar ien helte meidwaan, omdat hij nei it Fean-Grins moast. De wedstryd begûn pas om 18.45 oere, mar Tjeerd hie iten (en drinken) foarôf.
Jacob Plantinga fûn der dit fan: “Krekt yn trije kertier 3 ûns derôf en aansens yn twa oeren 2 pûn derbij”.

In “Platje”
By Roda JC – Volendam makke Melvin Platje fan ‘e wike in wereldgoal………of eins bûtenkategory. Eins is der net in goed wurd foar sa moai wie der(sjoch hjir). By SDS 3 makke Pieter Kamstra ek sa ’n moaie goal. In hege foarset koe der koppe, mar hy besleat om de bal op de boarst oan te nimmen en dwerstroch de goal te knallen. In supergoal, of nee, in “Platje”.

In bal
Klaas Kamstra koe pas yn de twadde helte meidwaan yn Bitgum. Doe’t hij oanriden kaam fanôf Marssum krekt foar it skoft , fleach him in bal temjitte: “Hee, Ype, krekt in kâns hân seker. Ik kaam in bal tsjin”.

Sjoerd van der Sar
Sjoerd van Beem stie sneon op keep bij SDS 3. It wie in geweldich optreden. Sjoerd van der Sar waar der al sein.

Te let
Of de jierpels te let op tafel stiene, of it fleis wie net op tiid klear, feit wie wol dat Erik en Jacob Klaas sneon te let wiene foar de besprekking fan SDS 1. Sij mochten neist de trainer plak nimme op de bank.

Elpee
Bij SDS 5 binne se yn de ban fan de elpee jûn. Want dy komt der oan. De bedoeling fan de âldtsjes is binnenkoart efkes nei te sitten mei in pick-up en de eigen meibrochte elpee’s. Jacob (Corry & de Rekels) en Sipke (Heino)hawwe harren favorite elpee al fan de souder helle. Wij binne benijd at youngster Harm Auke wit wat in elpee is welke hij meinimt en foaral wannear it is en wêr.

Giel en read
Nei juster 2 wedstriden sjoen te hawwen kleure it ús giel en read foar eagen. Earst SDS 1 – WPB 1 (3 read en net mear te tellen safolle giel) en jûns noch efkes SC Heerenveen – FC Groningen(7 giel en dêrtroch ek 2 read). Wy sjogge no al út nei it “ouwe-lullen-toernoai” fan fannemiddei wêr it fêst in stik sportiver fuotballe wurde sil.

Knappe frije traap
Arnoud Koster makke juster in knappe goal út in frije traap by SDS 1. Dizze mei der oars ek wêze(klik hjir).