Weppers snein 8-11

Utslaggen 7-11
6 november 2009
Weppers moandei 9-11
9 november 2009

Opfallend
It is ús al faker opfallen dat Harm Auke Dijkstra goed presteart wannear syn mem efkes komt te sjen. Sneon wie Harm Auke de útblinker bij SDS 5. De oanwêzichheid fan syn heit liket gjin ynfloed te hawwen op syn spul.

Clarence Sijbesma

Je soene it net ferwachtsje fan retro Robert. Mar dochs is it wier. Hij miste sneon in strafskop. In bal tsjin de reklamebuorden ynstee fan tsjin it net. Syn maten fan SDS 2 skamje harren djip.

Net suksesfol
Ype Tiemersma kaam sneon al wer werom mei in 5-1 nederlaach. No hie hij op paad west mei SDS 2. Dus ferlies je gewoanwei dik en je wolle graach mei maksimaal 5-1 ferlieze dan is Ype de man.

Heroes of Rock
Wij wolle jim der graach attint opmeitsje dat 6 maart 2010 in bysûndere dei wurdt. Regelje ferlof, oppas of meitsje jim eigen kar en skriuw it yn de agenda.
The Heroes of Rock komme yn it Dielshûs en wij foarspelle in echte rockjûn mei de bettere muzyk fan Guns of Roses, ACDC, Iron Maiden en Uriah Heep.

Oar nijs
Sa’t jim witte wolle wij graach nijs bringe fan SDS-ers. It leafst goed nijs, mar soms kinne wij der net ûnder út. Dan is it nijs wat minder leuk. Sa as
hjir.

Sûkerneefke
Yn it betelle fuotbal komme je wolris fan dy sûkeromkes tsjin. Mannen as Cees den Braven, Dirk Skeringa en Silvio Berlusconi dy ’t mannen better fuotbalje litte troch harren in pûde jild foar de noas te hâlden as sy skore. By SDS F4 hawwe sy net in sûkeromke, mar in sûkerneefke. Gerrit Okkema is in neefke fan keeper Kevin de Haan en juster doe ’t de leider fan SDS F4 yn de rust by in 1-0 efterstân efkes net mear wist hoe ’t hy de mannen motifeare moast wie dêr Gerrit; “wa ’t skoard krijt fan my 50 eurosint”. De mannen stoden omheech. “Dan krij ik al €1,50 as ik skoar” sei Anco(hy krijt al €1,- per goal fan pake). Ferfolgens wie Gerrit binnen 5 minuten al in euro lichter. Gerhard Hiemstra makke 2 goals en SDS F4 wûn mei 2-1.. De mannen fan SDS F4 sjogge no al út nei de folgende wedstryd as sûkerneefke Gerrit wer komt.

Knap
Sokke goals kinne wy fansels net omhinne.



Letter miskien wol mear!