Weppers snein 7-2

Utslaggen 6-2
5 februari 2016
Weppers moandei 8-2
7 februari 2016

SDS A1 wint topper
Harde wind, koud en verder alle ingrediënten die bij een topper horen, inclusief vijf goals, vier geel en rood. SDS kwam als winnaar uit de strijd tegen Franeker, dat zeker niet voor de zwartbroeken onderdeed. De drie goals uit de eerste helft, knap schot van Frank, koppertje van Pieter en een beauty van Yward (na een fantastische aanval), waren achteraf net genoeg.
De tweede helft veel lange ballen van Franeker en een sfeer die tot het kookpunt steeg. Hoewel het als leider langs de kant soms moeilijk is om het goede voorbeeld te geven bleef SDS knap verdedigen, ondanks hier en daar vervelende provocaties vanuit de thuisclub. Lourens kreeg wel zijn tweede geel en met tien man werd door bloed, zweet en tranen de overwinning veilig gesteld.
Tjerk

SDS 3 pakt punt yn Boalsert
SDS 3 hat juster knap in punt pakt by sc Bolsward 3. De 40+’ers fan SDS hienen it net makkelijk tsjin de tweintigers fan sc Bolsward, mar krige úteinlik noch wol de beste kansen. Spitich genôch gie der net ien yn en bleaun it 0-0.


Flagje

“Hoe dogge je dat no krekt “? liket koach Theo Postma fan C1 te freegjen oan flagger Harry Kooistra tidens de oefenwedstriid sneon.


“Sa, seit Harry en hij docht it noch ien kear foar oan Theo….”heger dy earm” liket hij der bij te sizzen.


SDS C1 – LSC C4:  2-0 (oefenje)
Dit oefenpotsje stie al fest sunt desimber fan foarich jier. LSC wie foar de winterstop fierwei de beste yn harren kompetysje (alles dik wun) en wiene no omheech setten nei de 2e klasse. In moaie test dus foar sawol SDS as LSC. Der wie nochal wat rein fallen de ofrune dagen, mar gelokkich koe de wedstriid gewoan trochgean. Hendrik hiene we hjoed betocht as de sintrale man efterien tegeare mei Wiltsje. Foar Hendrik yn nye posysje, mar hy die dit hartstikkene prima. De earste helte wie lykwaardich. Grutte kansen kamen net foar us, mar der wurde ek hast neat weijun. Tjerk makke noch wol in goal, mar dizze wurde, ik tink terjochte, ofkeurd troch butenspul. De twadde helte wie fan us kant krekt noch wat better as de earste. No mei Jopie en Hendrik sintraal, stiet it efterien ek as in hus. Foaryn hiene we wol wat moeite mei de fysiek sterke ferdiedegers fan LSC. Dochs wurde der troch eltsenien goed striid levere en it wie sawier ien fan de lytste mantsjes fan it fjild die op skitterende wize (a la Romario) de 1 – 0 deryn skeat, syn namme: Tjerk Ebbinge. Hjirnei wie it wachtsjen op de 2 – 0. Nei in moai stekbaltsje fan Tjitse skeat Merijn behearst de 2 – 0 binnen. Dit wie ek de einstan. In hiel nuttig oefenpotsje. Der binne altyd saken die better kinne, mar we ha ek wer in hiel protte goeie dingen sjoen. Efterien stiet it goed mei de alwer hiel sterk spyljende Wiltsje. It middenfjild fjild mei de rasfuotballer Steven en de hieltiid sterker wurdende Tjitse, begjint ek hieltiid better te rinnen.  De foarhoede spylers Tjerk en Merijn ha hjoed beide skoard, dus ek prima. Koartom it hiele team hat in prima prestaasje delsetten. Nye wike spylje we wer kompetysje;  yn Ljouwert tsjin Leovadia, ik tink dat we der klear foar binne.
Theo.

Ferlern
Wij seagen juster foar ien kear ek efkes bij vv Scharnegoutum. Dat wie gjin sukses. De ploech fan Marco Hoekstra (en Anne Stenekes yn de basis) ferlearen foar it earst dizze kompetysje tsjin Creil. Wij freze no foar in sportparkferbot dêr.

Nije wanten
De keeper fan SDS 3, Gert-Jan Hiemstra, waard juster foar de wedstryd tsjin sc Bolsward 3 efkes goed ynsjitten. Te goed, want syn keeperswanten bejûchen it al yn de warming-up. Lokkich koe der hurd efkes ien nei A.P. van der Feer ride, sadat Gert-Jan mei spiksplinternije wanten oan de wedstryd begjinne koe.

Knappe bank
SDS 1 ferlear juster de oefenwedstryd tsjin Drachtster Boys 2 mei 2-1. Oan de reservebank hat it him net lein:

Keunstgersknibbel
Guon spilers fan SDS 3 wienen juster net sa gek op it keunstgers fan sc Bolsward. De konklúsje nei de tiid wie dan ek dat wy by SDS yn elts gefal gjin 2e-hands-keunstgers hawwe moatte……

Hjir in foto fan ien fan de keunstgersknibbels sûnder bloed…..

12.30
Fan 12.30 oant 14.15 kinne de Feyenoord en Ajaxfans harren wer fernuverje oer harren favorite ploech. Wurde de PSV fans de laitsjende tredde?


16.00
Om de teloarstelling te ûndergean of de oerwinning te fieren kin in optreden fan
Jack Bottleneck mei Johan Keus wûnderen dwaan. Om 16.00 oere binne se yn it Dielshús.

Harsens derby (1668)
Hy bliuwt leuk!