Weppers moandei 8-2

Weppers snein 7-2
6 februari 2016
De nije SDS-League!
9 februari 2016

SDS A1 koprinner
A1 hat sneon goeie saken dien troch te winnen fan sc Franeker A1. Sy steane no boppe-oan mei ien puntsje foarsprong op sc Stiens A1. Stiens hat al in wedstryd minder fuotballe. Sneon moat A1 út tsjin sc Bolsward A1.

Doelpunten
SDS 4 skoarde sneon mar leafst 7 kear. En wat foaral aardich is dat der 7 ferskillende doelpuntenmakkers wiene.
De 7-0 goals wienen fan:
Sytse
Eeltje
Jelte Hitzerd
Ruun
Jelmer
Doede Sijszeling
Broer Jacob
De man fan de wedstriid wie Ruun en Igor stie op doel en die dat best genôch.

SDS VR1
De froulju fan SDS spilen sneon yn Aldegea. In ferslach fan de wedstriid, dy’t se wûnen, kinne jim
hjir lêze.

Ynhelje
SDS 2 mei op sneon 27 febrewaris yn Nijlân de derby tsjin Nijland 2 ynhelje. De wedstryd begjint om 12.15 oere.

Sealtraine
SDS 3 en 4 traine woansdeitejûn fanôf 20.30 oere yn de seal yn Easterein. Allegear efkes opjaan by Arjan Hallema. En woansdeitejûn efkes in eurootsje meinimme.

De nije SDS-League
Wy binne drok dwaande mei de nije SDS-League en hoopje moarn de nije dielnameformulieren klear te hawwen. Jim meie wol fêst in team betinke. Wy brûke de spilers fan
Gratisvoetbalmanager.com.



Harsens derby (1668)
Toet,toet,toet!!