Weppers snein 7-12

Ferslagen 6 desimber
5 december 2008
Weppers moandei 8-12
7 december 2008

SDS1

Henk Bootsma makke sneon wer wat foto’s fan de wedstryd fan SDS 1. Mear foto’s kinne jim sjen op
syn side.

Lytse poppe
Dennis Dijkstra koe juster noch krekt efkes fuotbalje. It rommele al wat yn de búk by freondinne Mirjam, mar Dennis moast noch krekt oardel oere fuotbalje kinne. Sy mocht pas wer belje by 8 sentimeter ûntslúting. Nei in heal oere yn de earste helte wie it al safier. Dennis derút en mei gang yn de auto nei Almere. Wy nimme oan dat hy op ‘e tiid wie, want dêr waard in lyts jonkje berne. Dit wie foar Dennis al efkes skrikke(klik
hjir).

Op tiid
Bij SDS 5 hanteare se de hurde lijn. Binne je net op tiid dan wachtsje se net mear. Sipke en Johnny binne al in kear stean bleaun bij de Skoalleseize. Sneon bleau der wer ien stean, mar dy wie net te let.

Tas
Bertus Bootsma hat tasnûmer 81 en Aant Hofstra nimt altyd tasnûmer 45 mei. Doe’t SDS 5 sneon ôfreizgje soe nei Ljouwert wie de altyd gretige Bertus de earste dy’t syn(in) tas pakte en in auto yn dûkte. Aant, dy’t net al te hastich wie, soe syn tas 45 pakke mar koe him net fine bij it yntreehokje wêr’t hij him in oere earder delsetten hie. No slacht geheugenferlies bij âlderen wol faker ta, dus wiene de opmerkingen fan teamgenoaten yn dy rjochting.
Wêr’t Aant ek socht, tas 45 wie net te finen. En wylst Aant noch socht yn alle hoeken en hennen fan de Skoalleseize, riden syn teamgenoaten fuort, net yn de gaten dat der noch ien miste.

Yn Easterein
Bij it sykjen fan de tas, seach Aant bij it entreehokje wol memmesiel allinne in tas stean. Nr 81. fan wa soe dy wêze? It sil dochs net dat……

Yn Ljouwert
SDS 5 komt yn Ljouwert oan en Bertus Bootsma is ferbaasd dat tas 81 net yn de kofferbak stiet. Wol tas nûmer 45. Lieder Eddy is ferbaasd dat Aant der net is.  En bij it iepenjen fan dy tas wie hij der gelyk efter dat dat de tas fan Aant wie. Ommers sokken fan 1947 hat allinne Aant. Bertus koe wol fuotbalje mar dan mei de skuon fan Aant oan, en dy binne lang sa snel net as Bertus……

Yn Easterein
Djip teloarsteld nimt Aant syn ferlies. Dat wurdt hjoed net fuotbalje. Hij keapet in programma fan SDS 1 mei nûmer 10949 en sjocht 10 minuten bij SDS 1.

Tusken Ljouwert en Easterein
Dêr reesd Durk Okkema om in tas en in Aant te heljen.

Yn Easterein
Wylst Aant de earste minuten fan SDS 1 sjocht klopt Durk op de rêch:
“Moatte wij ek noch in helt fuotbalje yn Ljouwert.?”

De wedstryd
Yn it skoft bij Rood Geel 4 – SDS 5 krige Bertus syn eigen skuon en sokken en mocht Aant noch in helt opdrave. En omdat de skuon sa’n geweldige warming up hân hiene, wie der gjin hâlden oan foar Aant: hij skoarde dit jier syn twadde doelpunt. SDS 5 wint mei 1-11.

Nr 10949
Werom yn de kantine yn Easterein sjocht Aant noch efkes op syn programmaboekje want mei nûmers hat hij wol wat en koe konstateare dat hij de tredde priis hie mei de ferlotting. De droege woarsten smakken goed bij it bierke.

TikkieTerugJaap
Wij fregen dizze kear Jelte de Boer hoe’t SDS 4 spile hie en wa at skoard hie: “Ik”, sei Jelte, “yn eigen doel”. Jelte de Boer stiet fanôf no ek yn it TikkieTerugJaap klassemint

TikkieterugTruus
Sietske Okkema hat de twifeleftige eare om as earste plak te nimmen yn it TikkieTerugTruus Klassemint. Tsjin Easterlittens wist sij de eigen keepster te passearen.

“Jaap en Truus”
Doe’t Jelte de Boer hearde dat hij mei Sietske Okkema op de foto mocht fanwege syn eigen doelpunt wie hij hast net te hâlden. Sneu foar Jelte dat de batterijen leech wiene. Sietske fûn dat hielendal net slim.

Dichtsje
Harm Auke woe sneon gelyk nei hûs nei it fuotbaljen. Hij hie echt haast. “Ik moat noch in gedicht meitsje”, sa sei hij. Bij SDS 5 litte sa’n jonge net oan syn lot oer. Meielkoar hawwe se efkes alle kreativiteit op ien bult smiten en doe kaam
dit ferske derút wat Harm Auke goed brûke koe foar syn surprise.

Foutsje
David James is keeper nr. 1 fan Ingelân. Dochs stiet hy elke wedstryd garant foar in foutsje. Of sis mar fout……………