Evenementen in december 2022

Utslaggen 5 april
4 april 2008
Weppers moandei 7-4
5 april 2008

Jeugdaksje
De hiele kontrijen sit dizze dagen oan de drop. De aksje fan de jeugdleden fan SDS hat 1500 euro opbrocht.
Alle hulde oan de organisaasje en fansels de sutelders.

Wedstriidferslaggen
Alle utslaggen en wedstriidferslaggen fan sneon 5 april kinn jim
hjir sjen.

Wedstrydferslach SDS 1
Tsjalling Sikma makke juster wer efkes it wedstrydferslach fan SDS 1:
Volgende week doet Sijmen het waarschijnlijk weer gewoon. Jeltje is namelijk gisteren uit het ziekenhuis thuisgekomen en heeft nog veel hulp nodig!
Groeten,
Tsjalling
(klik hjir foar it ferslach)

Ungelokkich
Foar Jelmer Posthumus moast it in moaie sneon wurde. Earst fuotbalje bij SDS 2 en dan op de bank bij SDS 1.
It duorre lykwols mar 25 minuten it moaie gefoel. Bij in lange bal waard er fol op it ankel rekke en it resultaat is no dat hij in foet yn it gips hat en op krukken rint. Sterkte Jelmer.

It twahuzensyndroom
At je bij SDS 5 fuotbalje en it giet efkes net sa goed, dan wurdt er socht nei oarsaken. Yn de tiid dat Ype Tiemersma wat minder skoarde , woe men wol hawwe dat it lei oan de twa huzen dy’t hij hie.
Sneon, yn Idskenhuzen wie Jaap Boekholt net al te gelokkich bij in oantal doelpunten fan harren. De oorsaak wie no gau fûn: hij hat krekt in hûs kocht en syn eigen noch net ferkocht. Lêst fan it twahuzensyndroom.

Slim genôch
Andries Brinksma rekke ôfrûne wike blesseard en leit yn it sikenhûs. Klaas Pompstra is efkes by him west:
Fannemiddei(=freed) bin ik by Andries op besite west mei wat fuotbalboekjes en in sek drop.
Hy siet moai yn de kessens mei in wite gipsfoet en wie noch wol aardich fleurich. De diagnoaze wie krekt efkes oars dan ik earder skreaun hie. Der sit in skuorke yn de ankelbonke, mar it is in ‘moaie’ rjocht skuorke en dat liket net raar.
De ankelbannen oan de binnenkant wienen wol ôfskuort. It bliuwt slim genôch.
Hy mist net allinnich it fuotbal, mar it bard ek noch yn syn toetswike fan skoalle.
Tongersdei mei der yn ringips.
Groetnis, Klaas

Tjeerd sa fleksibel as in Dijkstra
Tongersdeitejûn om 22.00 oere: Durk bellet Tjeerd: “wolst mei it fjirde, sij hawwe te min en wij genôch”
“Best” seit Tjeerd
Sneontemiddei om healwei ienen bij it sportpark:
“Tjeerd, do moast dochs mar mei SDS 5, want der binne ôfsizzingen”.
“Best” seit Tjeerd.
Twa minuten letter: “Tjeerd gean dochs mar mei it fjirde”
“Best” seit Tjeerd.
Wer twa minuten letter: “Tjeerd wolst wol mei it tredde”.
“Best” seit Tjeerd.
Wer twa minuten letter: “Tjeerd, meist sels útsykje”
“Best”, seit Tjeerd, “ik gean fol mei SDS 3.

Ieltsje

Dit ieltsje hie normaal sprutsen no yn de mage fan trainer Marcel Frankena om swommen. Yn dieltsjes nimme wij oan. Want Stoffel Bouma traktearde  tongersdei in oantal minsken op wat ieltsjes. Dooitze en Hylke wiene de gelokkigen en Marcel hie ek wat krigen at er der west hie.
No kamen de ieltsjes bij ien fan de webmaster telâne. Se hawwe best smakke en de krante hawwe wij ek al út.

Hy is moai(1)
Hjir in eigen goal sa ’t je se net faak sjogge: