Evenementen in november 2022

Seleksjes 5 april
4 april 2008
Weppers snein 6-4
4 april 2008

Hjirûnder it programma foar sneon 5 april. Wij stelle it altiten tige op priis wannear de útslagen bij ús binnen komme of leuke en koarte nijtsjes oer de wedstryd. Mail kin nij ús adressen

    útslach
14:30 SDS 1 – Balk 1  1-4
12:00 SDS 2  – Balk 2  3-0
10:15 SDS C1 – Mulier C1  11-2
11:30 SDS C2 – ONSTOP63 C4  6-5
9:00 SDS D1 – LSC 1890 D2  3-1
9:00 SDS E1 – Renado E1  4-5
9:00 SDS E3 – Makkum E1  2-1
10:00 SDS F1 – RES F1  3-3
10:00 SDS F2 – Hielpen F1  4-0
14:00 Trynwaldster Boys 2  – SDS 3  4-3
14:00 Waterpoort Boys 3 – SDS 4  0-7
14:30 VVI 4 – SDS 5  6-0
14:30 Makkum A1 – SDS A1  5-1
11:30 Wykels Hallum B1 – SDS B1  g.n.t.
13:15 SneekWitZwart D4 – SDS D2  4-0
10:00 Minnertsga E2 – SDS E2  utsteld
11:00 Blauw Wit ’34 E9 – SDS E4  9-0
9:00 RES F4 – SDS F3  4-3
10:15 JV Bolsward F9 – SDS F4  7-0

SDS 1 – Balk 1  1-4
Wij hawwe allinne heard dat Skelte Anema de 1-0 makke en dat dêrnei Balk der foar striden gie om punten te heljen. Dat slagge dus. It ferslach komt letter tinke wij.

 

SDS 2 – Balk 2     3-0
Trochdat Jelmer Posthumus al gau útfoel mei in ankelblessure en Remco Bervoets mei in hamstringblessure moast trainer Hylke Schrale nei in heal oere syn taktyk al hielendal  omsmite. Yn de earste helte levere dit noch neat op. De twadde helte begie SDS 2 fol striid. Dit levere lyk twa ballen op de latte op(Jeroen en Willem) en de keeper fan Balk krige it aardich drok. Troch doelpunten fan Hjalmar, Dennis en Feite helle SDS 2 úteinlik in moaie oerwinning. 
Foar Jelmer Posthumus en Remco Bervoets liket it seizoen dien. Jelmer rint no mei de foet yn it gips en Remco hat wierskynlik syn hamstring slim ferrutsen.

Trynwâldster Boys 2 – SDS 3     4-3
Lange tiid like it sa dat SDS 3 mei 9 man fuort moast. Mei help fan twa feteranen (Bertus en Tjeerd) waard der dochs noch in goeie wedstriid op it fjild lein. Doelpunten fan Gearard (2) en Wichard.

WPB 3 – SDS 4   0-7
Doelpunten fan Jeroen, Rudy, Willem, Lieuwe (2), Ivo en Tiemen.

VVI 4 – SDS 5     6-0
De koprinner helle gjin dûbele sifers en dat wie al in goeie prestaasje fan SDS 5

Makkum A1 – SDS A1 5-1
Mei te folle ynfallers koe SDS net op tsjin Makkum. It doelpunt wie fan Hennie Meijer. Of better sein it doelpunt wie fan Jacob van Wieren en it wie in Hennie Meijer doelpunt.

SDS C1 – Mulier C 1   11-2
Vandaag moest SDS C1 thuis aantreden tegen C1 van Mulier. In Witmarsum wist SDS de wedstrijd winnend met 5-0 winst af te sluiten, dit ging echter wel moeizaam. Komt nog bij dat zowel SDS alsook Mulier tegen IJVC gelijkspeelde. Er moest dus scherp en attent gestart worden. Dit is geslaagd, want na zo’n 20 minuten leidde SDS al met 3-0 (Ayanle, Martin die een foutje van de keeper afstrafte en Jan Friso).
Voor rust scoorde Jan Friso nog twee keer en werd er met 5-0 voorsprong theegedronken. Eddy was niet lekker en Sjoerd werd gespaard voor C2, hierdoor moesten Kristian en Wietse in de tweede ook aan de bak.
Nadat Jan goed was doorgegaan en op het goede moment afspreelde, kon Kristian de zesde goal aantekenen. Diezelfde Kristian zetten hierna goed voor waardoor Ayanle koppen de 7-0 op het scorebord zette. Ook weer Kristian, nu met zijn chocoladebeen, maakte er 8-0 van. Twee combinaties door het midden wist Martin af te ronden, 10-0.
Het leek toen of SDS het echt wel geloofde, want van Mulier kon een speler erg vrij over links het SDS-doel bereiken en keeper Tjeerd kansloos laten, 10-1. Een soortgelijke situatie, nu over rechts zorgde voor 10-2. Jan organiseerde toen toch de centrale verdediging even en Mulier heeft geen echte kans meer gehad. SDS wel, na goed onderscheppen van Bart kon Kristian de keeper nog één keer verschalken en zorgde voor de eindstand 11-2.
Over de wedstrijd zelf kan gezegd worden dat het eerste gedeelte goed gevoetbald werd, maar ook dat de zijkanten (m.n van het middenveld) beter benut kunnen worden. In de loop van de tweede helft werd de partij soms wat té gemakkelijk opgevat en was er sprake van onnodig concentratieverlies. Individuele kwaliteiten zorgde ervoor dat SDS nooit echt in de problemen is geweest. Maar eens zien wat we volgende week tegen Lemmer kunnen.
C1 rekent erop dat de trainer met veel inspiratie van zijn stage in Spanje terugkomt en dat er qua veldspel een vergelijking is te zien met Camp Nou, maar dan aan de Skoalleseize…..
Ab Scheepvaart

SDS C2 – ONSTOP C4 
Justerjûn leinen wy let op bêd, dit kaam om’t wy snoep ferkeapje moasten. Dit wie een goeie jûn foar SDS want wy hawwe as team foar 350 euro ferkocht.
Mar wol let op bêd.
Foar’t de wedstryd begûn, joech Andre Vink us yn de besjoerskeamer útlis hoe’t wy hjoed spylje soene. Dit skeelde wol want wy kamen drekt foar te stean. Mar dernei krigen wy  2 doelpunten tsjin troch in ferdidigingsfout fan us kant. Doe skoorden wy in goal  mar doe wiene der wol 4 man blessearre troch Jesse syn fûle skot (2-2),  de skeids fluite drekt ôf en it wie skoft. Yn de boks krigen wy in donderpreek van Andre en Jaap!!! Nei it skoft  hiene wy de ôftraap en binnen 1 minuut wie der wer een goal, dernei drekt  wer 2. Doe begûn ONSTOP wer te fuotbaljen. Troch in handsbal fan Richard Bergsma krigen wy in penalty tsjin. Doe wie it 5-3. Troch superfuotbal koene wy noch in kear skoare (6-3). Wy tochten dat wy der al  wiene en  de spylers fan ONSTOP krigen dat troch en makken noch 1 goal ( 6-4). Wy wiene  allegear kapot mar sy wisselden noch en doe krigen wy it dreach. Sy krigen in hiel soad kânsen mar skoorden mar ien kear, dizze bal wy net te kearen troch Harm Vink. Hij hat in meunstereftiche wedstryd keept.  Wy ha wûn mei 6-5 en een prachtige fuotbalpot levere.  Remon en Sjoerd fan C1 tige tank foar it oanfullen fan us team.
De coachen Jaap, Andre en Thom wiene nei ôfrin dik tefreden. Wy winskje coach Auke en soan Jurjen Eringa noch in goeie fekânsje ta en hoopje dat sy de folgjende kear der wer by binne. 
 
Thom & Gosse Vellenga

Wykels/Hallum B1 – SDS B1 giet net troch
We soenen fannemoarn nei Wykels Hallum.
Dat koe net troch gean.
Fan de 16 spilers:
          Arjan, Albert en Wytze L. mei de A’s mei (hienen ek mar 9-10 man);
          Broer Jacob, Jarco yn de rêch;
          Doede, Christiaan op klupkamp;
          Menno, wat oars;
          Wytse vd S., de griep
          Andries, ankel- en ankelbannen stikken
          Elger en Ronald, al 7 wike neat fan heart
Dan bliuwe oer Thor, keeper, Gerrit Jan, Wiebe, Leandro
Soks ha wy as lieders noch nea meimakke.
Groetnis,
Klaas

SDS DAJ – Harlingen DAJ giet net troch
De reden de dames en de B1 niet spelen is omdat ze te weinig spelers hebben. door ziekte, “gewonden” en een weekendje weg met de jeugd van de kerk.
groetjes Andre