Út- en ferslagen sneon 5-4
5 april 2014Weppers tiisdei 8-4
8 april 2014Útslagen sneon 5 april
Wy misse no noch 1 útslach fan juster. Jim kinne de útslach maile nei info@vv-sds.nl. It giet om SC Franeker B2 – SDS B1.
Tiisdeitejûn SDS 1 – Delfstrahúzen 1
17.00: der wêze
18.00: fuotbalje
Skelte, Ewout, Wietse, Kristian, Jacob-Klaas, Wytze, Mark, Marco, Harm, Jaap, Elger, Ayanle, Feite, Dirk en Anne.
Flagger: Rene.
Bekerthriller
Nije wike sneon mei SDS F1 wer los foar de beker. Sy moatte dan om 10.15 thús tsjin Opende F1. Allegear efkes komme te sjen fansels!
Ferlern
Jaap Zijlstra hat ferline wike in sjurt fan SC Heerenveen fûn op de dyk tusken Wommels en Easterein. It sjurtsje hat maat XXS. Wa ’t it sjurt mist mei maile nei info@vv-sds.nl.
Alderaardichst
Miskien wol wat foar mei it WK yn Brazilië:
Harsens derby(1245)
Feite de Haan leit oan foar in snoeihurde frije traap:
Spitich foar Feite hat Anne Stenekes oare plannen………