Tjerk
SDS D2 – Frentsjer D3
De kompetysje wer ’t SDS D2 yn spylet, stiet it allegeare hiel ticht by elkoar. Foar dizze wedstryd stiene der fjouwer ploechen boppe oan mei like folle punten. It wie dus tige wichtig om hjoed te winnen. Om 11.15u hiene we ofpraat yn ‘e box. De “warming-up” gie prima, dus fol fertrouwen gie de striid los. It wiene wer hiele grutte jongens by Frentsjer. Mar SDS liet it baltsje moai run gean, sadat we de fysieke duels net safolle oan hoechden te gean. Mei goed fuotbal waard gelyk de oanfal socht en it wie al nei 5 minuten 1 – 0 troch in goal fan Stan. Einliks kaam Frentsjer der hielendal net oan te pas. Mei “regisseur” Luka sintraal yn ‘e midden waard de iene nei de oare moaie oanfal opsetten. Ruerd syn direkte tsjinstanner wie wol twa koppen grutter as him. Mar fuotbaljend en sels yn ‘e duels wie Ruerd fierwei de beste. Troch it goeie middenfjild en it goed oansluten fan de ferdediging kamen der in soad kansen. Dochs waard it pas yn ‘e 25e minut 2 – 0, troch in goal fan Tjitse. De twadde helte wie gelyk oan ‘e earste helte. SDS yn ‘e oanfal en Frentsjer koe einliks allinich mar tsjinhalde. De keeper fan Frentsjer koe net foarkomme dat Tjitse noch 2x scoorde en de einstan opskroefde nei 4 – 0. Sjoen it oantal kansen, hie de utslach einliks grutter weze moatten. Mar undanks dat wer in moaie en goeie pot fuotbal.
Nye wike spylje we yn Ljouwert tsjin de Sweltsjes. Thus hawwe we wun fan dizze mannen, mar it gie doe net makkelik. Mar it fuotbal wurd by D2 eltse wike better, dus gean we wer foar de oerwinning !!!!
Theo.
SDS E4 nimt it op tsjin koprinner Easterlittens E3 en……..wint!!!
Nei twa kear ferlies moast E4 it justermoarn opnimme tsjin koprinner Easterlittens E3.
De foar analyse liet sjen dat de kansen foar ús E4 om te winnen net sa grut wiene. Easterittens hie dik wûn fan de beide teams wêr’t ús E4 fan ferlern hie.
Moarns yn e box gong it praatsje foarof oan de wedstryd foaral oer hoe’t we foarkomme moasten om mei dûbele cyfers fan it fjild ofspyle te wurden.
De bern waard ynpipere om harren man goed te hâlden. Doe’t de bern op it fjild stien seachen se de tsjinstanners, allegear oarel oant twa koppen grutter dan ús E4.
Yn de warming up lieten de Littensers sjen oer aardiche ofstâns skotten te beskikken, dus noch in kear goed de oandacht foar it koart op e man dekke.
Sa kaam it startsignaal foar de wedstryd en Easterlittens sette fuort en dalyks druk, mar it slagge kear op kear net de ferdediching, dy’t izersterk delsetten waard troch Marrit en Marije, te passearen. De middenfjilders Sije, Femke en Roan ferdedigden goed mei en soarchden foar snelle counters wêr troch Easterlittens de hiele tyd trije man achteryn hâld. Troch in wat ûngelokkige ferdedigings aksje waard de messkerpe keeper Jelmer passeard, 1-0 nei in kwartier spyljen. Us bern lieten de kop net hingje en nei 20 minuten skoarde, troch it goed frijstean fan Rick en in snelle omskeakeling, Thomas de 1-1. Dit wie ek de rêststân.
Nei de rêst wie in spiler fan Easterlittens nei hûs gien yfm sykte, hjittroch moasten we fan 8 tsjin 8 oer nei 7 tsjin 7. En yniens wie dêr in bult romte!!! Counter nei counter, strak foarút passe en druk sette, sûnder te ferjitten mei te ferdedichjen, it like as at E4 ûntketene wie. Sa foel al gau de 1-2 troch Jelmer, de 1-3 ek troch Jelmer en de 1-4 troch Haye. Se gebrûk meitsje fan de tûke djippe baltsjes fan off it middenfjild en draafden de Littensers der út. Ek de Littensers krigen harren kânsen, mar wêr’t it wol slagge om de útmuntende ferdediching te passearen stie dêr in Roan monsterachtig te keepen. Skot nei skot sneuvele yn syn hannen en op syn fuotten. Doch foel nog ien goal foar de Littensers, 2-4. Flak foar it einde fan e wedstryd bruts Thiadmer út en hy die trucs en bewegingen wêr’t hy sels neffens my ek net fan wist dat er it koe. Hy passearde tsjinstanners as wie it neat, helaas koe der it troch it einsignaal net mear beklinke mei in goal.
Der is geweldich fuotballe troch E4, hâld dit fêst jonges en famkes, dan pakke we se allegear fanôf no.
Hans (in tige grutske lieder en trainer)
SDS F3 – Heeg F2 (1-8)
Prachtig fuotbalwaar wie it hjoed. Heeg F2 kaam hjoed by ús op besite. In ploech dy’t hjearder al mei dikke siefer westriiden wûn hie.
Dat koe wolris in drege pot wurde. Mar wy binne ek goed, dus je witte it noait! Om tweintich foar alven wiene wy nei de gebrûkkelike warming-up los. Heeg hie inderdaad in pear goeie spielers yn it fjild. Sels ien dy’t , sa’t ik letter hjearde, ek by sc Hearrefean spilet. Mar dat wie net it ienige wertroch wy al frij gau 1-0 efter stiene. It fjoer en de striidlust dy’t ik yn hjeardere wedstriiden fan F3 sjoen hie wie d’r nog net. Wy lieten Heeg mar wat spielje en sieten wat nei elkoar te sjen hoe’t de oar sich út de problemen prebjearre te rêden. Net wat ik fan dit ploechje went wie. Ik tink dat wy mei 4-0 efterstân de rust yn giene. De twadde helte wie stikken better. Troch better oerspieljen kaam de bal hieltiid faker by ús spitsen en waarden de kansen om te scoren grutter. Mar it wie hieltiid krekt net. Ek net doe fan achter ek nog extra “skotkrêft” mei kaam helpen foarien. Toch wist ús lytse, mar oh sa snelle spits sich ien kear troch de ferdediging fan Heeg hinne te wrotten en te skoaren. Sommigen spielen hjoed in bytsje ûnder hun maat en oaren, troch betiiden simpel mar doeltreffend oerspieljen en passes jaan, just wer boppe ferwachting. Troch elkoar sjoen in knappe wedstriid. 8-1 ferlen, helaas! Mar goed, “dizze leider” kin hjoed yn elts gefal sizze dat ‘r mei syn “eigen team” ferlen hat en dat de spielers dy’t dêr diel fan út meitsje ek spielje maaie.
Folgjene wike wer frij. Dernei mar wer der foar
Herman
Eben ballen
Das war was gestern. Aant war in keine kunstvelden oder wegen zu finden, aber 16 andere leute waren da wol auf Schuleseize. Und es ging loß! Wouter mit die halbe familie und Bertus mit roze socken werden sportlich verteilt in gruppe MvO(Maxima von Orange) gegen die anderen. Das feldspiel war großartig, aber die toren waren nicht zu erreichen. 3-3. In die verlengung war es team MvO die meist glückliche. Noch sechs leute dazu und wir können auf das hauptfeld spielen. Wunderbar erfolgreich das eben ballen!
Tjerk