Weppers snein 5-4

Ut- en ferslaggen sneon 4-4
4 april 2015
Weppers peaskemoandei
5 april 2015

Peaskemoandei 15.00 oere: SDS 1 – TONEGO 1
Moarn om 15.00 oere spilet SDS 1 álwer thús. Sy meie dan om 15.00 oere thús fuotbalje tsjin TONEGO. Jim binne allegear fan herte wolkom op sportpark de Skoalleseize.

Skorst?
It hie wêze kinnen dat Jacob-Klaas Haitsma moarn skorst. wie. Hy pakte sneon namelijk syn 4e giele kaart. It falt allinnich ta, want ien fan dy 4 pakte hy yn de bekerwedstryd tsjin De Wâlde en dat bestjut dat dy net yn de kompetysje telt. Jacob-Klaas mei dus moarn fuotbalje.
En komt wat letter op Aaipop……….

Seleksje SDS 1?
Hooplik kinne wy jim moarntemoarn de seleksje noch jaan fan SDS 1 foar de wedstryd fan moarn.

Pupillen fan ‘e wike
De pupillen fan ‘e wike by SDS 1 – TONEGO 1 binne moarn Jochum Postma en Redmer Wiersma.

Ek Mulier keapet m2’s keunstgers!
De earste m2’s (lotten) fan de SDS-keunstgersaksje binne ferkocht. Ek Mulier hat juster har stjintsje bydroegen troch in stik of wat lotten te keapjen. Spitich dat sy ek de 3 punten meinamen…..

Foto’s SDS 1 Mulier 1
Henk Bootsma hat juster wer wat krease plaatsjes sjitten by SDS 1 – Mulier 1. Jim kinne se
hjir fine.


Posthumussen

Hjoed sitte se bij de streekderby Sunderland- NewCastle op de tribune. Juster seagen se efkes yn it imposante stadion fan New Castle.

Skorst
Hendrik de Jong koe dit wykein nei Manchester United – Aston Villa mei syn heit, broer en sweager, mar Hendrik woe graach fuotbalje. Hielendal no ’t SDS 1 sawol op sneon as op Peaskemoandei moast soe Hendrik twa wedstriden misse en dit gie him wat te gek. No krige Hendrik foarige wike tsjin NOK in reade kaart en waard hy foar 4 wedstriden skorst. Efterôf sjogge jo allinnich in ko yn de kont……

Yn Manchester keapje sy der trije op…….

Fiterje
Der wiene foar Pieter de Boer (lieder C1) seker trije redenen om de fiters fan de skuon sneontemoarn net te fiterjen. It soe wêze kinne dat Pieter nea fitert, it soe ek wêze kinne dat hij sa koart nei 1 april de fiters los lit om foar te kommen dat se him der tusken nimme mei de bekende grap: tink er om dyn fiter sit los, en it soe wêze kinne dat Pieter it mei it each op Aaipop sa drok hat dat hij it fiterjen net oan tiid hat.
Hoe it ek sit, it is yn sokke gefallen net ferstannich at je lieder binne en je moatte in bal it fjild ynsjitte. Want dan komt net allinne de bal yn de middensirkul te lâne mar ek de skoech. Gelokkich rekke de skoech gjin spilers.

Alderaardichst
Permalink voor ingesloten afbeelding


Harsens derby (1470)
“Tikkie werom, Jaap!!!”