Ut- en ferslaggen sneon 4-4

Weppers freed 3-4
2 april 2015
Weppers snein 5-4
4 april 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

Jim kinne it programma foar hjoed
hjir sjen.
Mei skiedsrjochters en al.

      útslach
09:00 SDS C1 SWZ B Sneek C2  0-5
09:00 SDS E2 Oudega/HJSC E1  4-2
09:00 SDS E5 Balk E2  1-5
10:10 SDS F1 Heeg F2  8-2
10:10 SDS F3G Balk F5  6-0
10:30 SDS B1 LSC 1890 B2  4-3
11:15 SDS D2 Dronrijp/Foarut D3  2-4
12:30 Minileague    
12:15 SDS A1 LSC 1890 A2  4-2
14:30 SDS 1 Mulier 1  0-1
14:30 SDS 4 S.C. Stiens 4  0-2
09:00 Heeg D1 SDS D1  3-2
09:00 Makkum D2 SDS D3  0-1
09:00 IJVC E2 SDS E3  1-4
09:00 Oudega/H/H MD1 SDS MD2  6-2
10:15 Woudsend F2 SDS F2  4-1
10:30 Balk E1 SDS E1  5-0
11:15 LSC 1890 E9 SDS E4  4-5
14:00 fc Harlingen VR2 SDS VR2  9-1
14:30 Schgoutum’70 3 SDS 5  5-2
14:15 LSC 1890 C5 SDS C2  12-1
14:30 Tzum VR1 SDS VR1  1-3
17:00 LSC 1890 B4 SDS B2  4-7

SDS 1 – Mulier 1
Miskien dat iets waarmer waarm it spul fan SDS 1 better makket. Better sadat der mear kânsen ûntstean. Ek tsjin Mulier 1 wie it wer lestich om it publyk waarm te meitsjen troch it spul. Hurd wurkje, sa no en dan in mooglikheid en hiel sa no en dan in kânske. Tsjin Mulier wie de wedstriid aarchich yn lykwicht en it hie ek likegoed 0-0 bliuwe kinnen, hoewol Mulier in oantal hiele grutte kânsen krige. Mar it hurde wurkjen fan SDS om bij te bliuwen liket no al in oantal wedstriden fataal ôf te rinnen. Tsjin Boalsert, tsjin NOK en no ek tsjin Mulier foel de beslissende lykmakker of de beslissende foarsprong yn de lêst 10 minuten.
Dat in spiler dy’t yn de A’s al 90 minuten spile hat noch ynfalle moat seit genôch oer de steat fan de seleksje. Twa skorsingen  en meardere langduorjende blessures soargje der foar dat der net folle te kiezen is foar trainer Munsterman.
Moandei wurdt it waarmer dus it soe samar kinne dat Tonego dan de ideale tsjinstanner is om in oerwinning te pakken. Om 15.00 oere yn Easterein.

Tzum Vr1 – SDS VR1   1-3
“Dy froulju fan SDS” waard der twittere neidat de einútslach bekend wie. En dêr mei waard oanjûn dat se alle wiken ferbaze. 1-3 tsjin Tzum is wer in prachtich rissultaat, mei doelpunten fan Jeska (1ste minút) , Alissa en Tjitske.

SDS A1 – LSC A2

De A1 moest gisteren tegen het even hoog staande LSC A2.
Een zeer belangrijke wedstrijd in de strijd tegen degradatie uit de 1e klasse. Voor ons hadden de B’s ook tegen LSC gespeeld, en na een 1-3 achterstand bogen ze het fantastisch om naar een 4-3 overwinning. Goed voorbeeld doet goed volgen, toch….
We hebben wat personele problemen, door blessures, werk en schorsingen hadden we maar 10 man, maar gelukkig hadden we uit de B1 Wiebe Vellinga die mee deed, en dat deed hij, zou achteraf blijken, op een zeer goede manier, grote klasse.
Het begin was wat zenuwachtig, en van beide kanten niet goed. Na een minuut of 10 ging Almar op snelheid er vandoor, het leek even dat hij teveel naar “buiten” liep, maar met een goede aktie en een schitterend doelpunt uit een bijna onmogelijke hoek maakte hij prachtig de 1-0. Ik was nog aan het noteren en kon net niet zien dat hij binnen de minuut ook met een lob de 2-0 binnen tikte…. Wat een weelde, dat hebben we een tijdje niet gehad…. In de 40e min kreeg Pieter S een rode kaart voor een “nuttige overtreding” zoals ze dat dan zo mooi zeggen, op het middenveld, geen doelrijpe kans, geen smerige natrap, niets van dit alles, maar iedereen, zelfs LSC snapte de scheidsrechter niet, dit was hoogstens een gele kaart, maar helaas, we stonden met 10 man…. In de rust een spits eruit, en een van de 3 B’s, die net een “drege partij” hadden gehad, er in op het middenveld. Dat pakte goed uit, en in de 10 min kregen we een penalty vanwege een handsbal in de 16. Wiebe benutte hem koeltjes. 3-0. In de 14e min ging Pieter de V er op zijn bekende snelle manier vandoor en schoot, net als bij de 1-0, uit een onmogelijke hoek de 4-0 prachtig binnen. 4-0 voor, met 10 man…. Klasse. In de 16e min maakte LSC zeer fraai uit een corner 4-1 en in de 77e min kwamen ze op 4-2, maar daarna kwamen we niet echt meer in gevaar. Een zeer belangrijke en mooie overwinning op een “directe” concurrent, grote klasse mannen.
Toch nog even een woord van dank voor de 3 B’s, Inne, Haptamu en Matthijs, net een zeer zware partij gehad en dan nog vol overgave bij ons mee spelen, zeer goed gedaan, thanks. En uiteraard Wiebe V, heel degelijk gespeeld, shappo!!!
Boudewijn.

Heeg D1 – SDS D1:   3 – 2
Wy moasten sneon al om 8.45 oere spylje yn en tsjin Heeg D1. Prachtig waar en in moai haadfjild, it koe wolris in moaie fuotbalmoarn wurde. De start fan SDS wie “flitsend”, want nei 8 minuten stiene we al mei 2-0 foar troch 2 goals fan Stan. Mar sa as fol faker slupte dernei wat gemaksucht yn ‘e ploeg. We steane al mei 2 – 0 foar dus it kin wol wat resticher oan, sa liket it fanof de kant. Heeg die der in skepke boppe op en foar rest waard it dan ek ferstjinne 1 – 2. Yn ‘e rest ha we goed oanjoen dat we duels winne moatte. Mei moai fuotbal allinich komme je der net yn dizze kompetysje, der sil mear gebeure moatte. Mar de twadde helte wurde it net better. Fan beide kanten wie it fuotbal net goed, mar it ferskil siet him yn de wil om te winnen. Heeg klapte der boppe op en wy lieten dit gebeure. Mei sterke jongens efteryn by Heeg waard eltse bal nei foaren “peert”. Us efterhoede is dan kwetsbar en Heeg kriig dan ek in pear grutte kansen.  Dit resulteare dan ek yn 2 -2, op dat stuit hielendal terjochte. It like of te gean op in lykspul, mar twa minuten foar tiid in strafskop foar Heeg nei in oansketten handsbal. In hiele swiere beslissing, mar at je utspielje mei in klubskiedsrjochter witte je dat dit gebeurt. Dat hie yn Easterein miskien ek wol bard. Net goed spyle hjoed fan us kant. Utsein Jeffrey, Michael en fansels Wiltsje, sy hiene juster wer in “dikke”’ foldoende.  Lykas tsjin Easterlittens, hie no ek in lykspul in goeie ofspegeling west fan dizze wedstriid. Mar hieltiid wer steane we mei lege hannen.  Mar we geane sa troch at we it hiele seizoen oan e gong binnen. Der wurd hieltiid geweldich traint mei in opkomst fan hast altyd 100%. We ha noch 5 kompetysje-wedstriiden te gean; de punten komme fansels, dat wit ik seker !
Nye wike gjin kompetysje, mar dan oefenje we tsjin AVC D1 ut Seisbierum.
Theo.   
                                                                                                                                             

SDS E5 – Balk E2  (1-5)
Soms tink ik, soene de ferslachen dy’t wy eltse wike skriuwe wol lêzen wurde? Ôfrûne wike die bliken dat wy as lieders, yn elts gefal mekoars ferslachen lêze. Wol jammer dat net eltsenien hjirby in oar yn syn waarde lit. Ûndanks it ferlies hjoed wie ik absoluut net negatief oer it fuotbal fan de jonges en famkes fan E5. Wy moasten it, as lêste op de ranglist, opnimme tsjin de koprinner. Balk fuotbalde net iens sa hiele spektakulair goed. Miskien kaam dat ek wol omdat wy hun net echt de kâns joegen om te fuotbaljen. De bal gie by ús betiiden prachtig moai yn de rûnte en mear as “trochtikjen” wie d’r net foar nedich om de bal nei foaren te krijen. Tuurlik wie Balk ek wol gauris by ús goal en dan wiene sy folle doeltreffender as wy. Nei tsien minuten stiene wy dan el al mei
0-2 efter. Dat wie wol jammer, want dat wie absoluut net de fertsjinste fan Balk. Nee, wy wiene op it fjild like sterk, sa net sterker. Mar hoe hurd d’r ek wurke waard, de bal “rôle” d’r by ús goal betiiden wol wat te maklik yn. Dat joech betiiden wol wat wrieuwing tusken spilers en keeper. En dat snap ik wol. Mei 0-3 de rust yn. Nei de rust diene wie d’r noch in skepke boppeop en dat fertsjinne sich werom troch in moaie goal fan Tobias nei prachtig moai opbouwend spul, wer’t Mare de oanstichter fan wie. Flak dernei krigen wy noch in prachtkâns. Mar de bal waard net foarjûn oan Milan of Minke dy’t folledig frij foar de goal stiene (en dat ferbaal ek dúdlik genoch oanjoegen). De bal waard fanút de meast ûnmogelike hoeke prebjeare yn te sjitten. Dat slagge net. Oars hie de 2-3 wolris foar in hiel oar potsje soarchje kinne en hiene wy sy brekke kinnen. No bleaun it 1-3 en waard it ek al gau 1-4. Dernei ek noch de 1-5 en wie it potsje allang spiele. Toch waard d’r strieden oan’t de lêste snik. Komplimenten hjirfoar.

Herman
             

Efkes Balje
Allegear tefreden mar foaral wurge skuon justerjûn om goed healwei njoggenen op it lytse trainingsfjild yn Easterein. Want tink no net dat skuon net tinke en fiele kinne. Se kinne sels rûke, want se hawwe ek in noas. Skuon binne oh sa gefoelich hoe’t je der om mei om gean. Se hâlde der wol fan om ris in aaike te krijen (je kinne dat ek poetsen neame) en se hâlde der net fan om nei in wedstriid en in training earne wiet deldondere te wurden mei de opdracht, soargje der sels mar foar datst de folgjende kear wer droech (en leafst ek skjin ) bist.
Der wiene juster ek nije skuon op it Efkes Baljen. Sokke skuon hawwe it dreech. Se binne al lange tiid lyn makke yn WanPang of sa, se hawwe oppropt yn in seekontainer sitten (of wiene it flechtlingen) en se binne úteinlik telâne kommen yn in winkel yn Snits wêr’t se it gelok mei hiene. Want mei de spesjale oandacht fan Gearard van Asselt wie goed akklimatiseare in fanselssprekkendheid.
“In goed plakje sykje” sa tocht Gerard en dat slagge al gau doe’t Johan Heerma lâns kaam foar nije Efkes Balje skuon.
“Rêstich begjinne en net op se skelle at it noch net gelyk slagget” joech Gerard as goeie rie mei.
In prachtich debút fan de nije skuon fan Johan, kocht bij Gerard, makke yn Wanpang. Se moasten wenne oan it tempo, oan it sân, oan de bal, oan de rinlinen, oan it te grutte fjild en oan it entoesjasme fan Johan. Dat noch net elke aksje suksesfol wie, gjin probleem. Se skoarden wol meardere kearen. Nije wike en dy wiken dêrnei en aansens op it griene gers yn Wommels sille dizze skuon skitterje. En net allinne yn de sinne.
10 pear tefreden pear skuon juster. Allegear in kear wûn en allegear in kear ferlern. De oare skuondragers wiene Wouter, Tjerk, Chiel, Theo, Aant, Pieter V, Harrie, Hendrikus, en Folkert Rients dy’t mei syn skuon de twa winnende makke.
Aant