Weppers moandei 6-10

Weppers snein 5-10
5 oktober 2014
Meinte Sixma Toernooi 2014
6 oktober 2014

SDS 1 op de foto

SDS A1 op de foto


SDS 4 op de foto

Fan SDS nei Nijland?
Wij fregen ús ferline ôf hoe it sit mei de oergong fan spilers fan SDS nei Nijland.
Albada tipte ús oer ien namme: Ynze Jorritsma is as doelman al hiel lang lyn oergien fan SDS nei Nijland. Wij sille sjen at wij efterhelje kinne wannear dat krekt wie.

Fan Nijland nei SDS?
Foarsitter Jappie de Boer fan Nijland melde dat hij sa net ien wist dy’t fan Nijland oergien wie nei SDS mar dat der wolris in petearke west hat om in spiler fan Nijland nei SDS te heljen. Syn eachjes ferrieden de namme…… It is him doe net wurden.

Trainers oan it wurd

Fanút in posysje efter út de seal makke Durk Okkema dizze foto fan it earste parsepraatsje nei ôfrin fan in wedstriid fan SDS 1. De beide trainers Douwe en Frans leinen út wat sij fûnen fan de wedstriid en it rissultaat.

Standen
Wy fine it mar ferfelend dat jimme tsjintwurdich net makkelijk de standen fine kinne fan SDS-teams. Foar jim hawwe wy dêrom efkes de stannen fan SDS 1, 2, 4, 5, A1 en B1 op in rygje setten. Jim kinne se hjir besjen.

Strafskop mist
It is gewoanwei in sekerheidsje at SDS 4 in strafskop nimme mei. Gert Jan Hiemstra komt der syn eigen doel foar út om de bal tsjin it net fan de tsjinstanner te pleatsen. Dat gie sneon mis en wij fregen ús ôf at en wannear hij earder in strafskop miste. Dirk de Jong reagearret:
Hoi.
Ut myn bleate holle wit ik dat Gert-Jan (syn lêste) in penalty miste thus tsjin WPB yn de leste minút. Hie der em makke hiene se neffens mij de periode han. No kaam t oan op de leste wedstriid fan de periode tsjin Blauw Wit yn Ljouwert. Dizze wedstriid waard ferlern mei 1-0. Dus gjin periode op dat moment. In djoere strafskop dus.
Dirk de Jong

Harsens derby(1349)
Dizze keeper kent de spulrigels net hielendal goed, mar wit wol hoe ’t der in penalty kere moat……..



Letter miskien wol mear!