Weppers snein 31-10-2021

Sneon 30-10-2021
29 oktober 2021
SDS JO-12 yn byld
1 november 2021

Nije trainingspakken

Sa ’t jim juster sjen koenen hie SDS Vr.1 juster prachtige nije trainingspakken mei tank oan stiper Harm Slot Funderingstechnieken, Easterein:

SDS JO19-1

No’t trainer Henk Mulder fan de JO19-1 fertrokken is nei Tzummarum 1 moasten SDS op syk nei in nije trainer. Hans van der Schaar traint de JO19-1 al wat langer op tongersdei en foar de moandeis is foarearst ek in oplossing fûn. De trainers fan Vr.1, Johan Wittermans en Richard de Greef traine de mannen no op moandei fan 18.45 oere oant 20.00 oere. Sneons is Johan Hiemstra de koach.

Sc Heerenveen wint!

Melle, Jort, Tygo, Niels en Sjoerd-Jinte binne wakker grutsk op de nije sc Heerenveen-sjurts foar de SDS Minileague! No hoe se net mear de wite as reade sjurts binnenstebûten te kearen, as in hesje oan by it spyljen tsjin in team mei deselde kleur sjurt. De sjurts binne mei mooglik makke troch SC Heerenveen. Fansels hawwe de mannen yn it nije sjurt justermoarn alles wûn. Benijd hoe’t it gien wie mei sc Cambuursjurts oan…….

SDS 4 op de foto

Wat ús oanbelanget no al de moaste teamfoto fan it jier! SDS 4.

Steand: Jeroen Wagenaar, Leon de Wit, Jeffrey van der Werf, Michael van der Weg, Wiltsje Aardema, Thomas van der Meer, Jehannes Abma en Ronny Wagenaar.
Op hurken: Klaas van der Weg, Aiso Agricola, Broer-Jacob Greidanus en Tjeerd de Vries.

Pupil fan de wike

Hidde Wijnia wie juster pupil fan de wike en moast der in skoft oer neitinke mei wa ’t as hy no eins op de foto woe. It binne úteinlik Peter Hoogerwerf en Wierd Hofstra wurden.

Ofskie

Henk Mulder hat tongersdei nei it trainen offisjeel ôfskie naam as trainer fan de JO19-1 mei in prachtige SDS-paraplu. Hy giet him no hielendal rjochtsjen op syn nije klup vv Tzummarum 1. Wy winskje him dêr in protte súkses ta!

Ofskie (2)

Y.f.m. it ôfskie fan de sporthalbeheerders Titus en Rigt Bergsma hat it bestjoer fan SDS harren noch in aardichheidsje brocht. Sy waarden net allinnich ferblide mei in prachtige SDS-paraplu, mar krigen ek noch in allessizzend Canvasdoek:

Utrêste


By SDS 3 siet juster Jacob-Klaas Haitsma de earste helte op de bank. Yn de twadde helte mocht hy ynfalle al duorre dat net sa lang. Nei 5 minuten mocht hy alwer 10 minuten útrêste nei in giele kaart……..

Alles oer links!

Habtamu de Hoop skoorde juster 2 kear yn de wedstriid fan SDS 3. Op himsels net sa gek, want hy hie foar it earst yn wiken wer ris traind. Net by SDS, mar mei syn freonen fan de PvdA en Groen-Links:
Ut ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat Habtamu bliid wie dat hy dizze kear gjin penalty hoefde te nimmen….. ‘Team Habtamu de Hoop’ wûn úteinlik al dik fan ’team Jesse Klaver’.

Draaiend Rad

Sneons nei de thúswedstriden wurdt der draait oan it Draaiend Rad yn de kantine om hearlijke fleisprizen fan Murk. No is der op it heden al wat geks mei it Draaiend Rad oan de hân. Ferline wike foel der by it 6x draaien 1 kear op itselde nûmer en juster fan de 6x sels 2 kear. Neffens ús is dy kâns tige lyts. De wiskundigen moatte der hjoed mar ris rêstich foar sitten gean.

Harsens derby (2321)

Dizze wike alwer in ‘Willy-Carbo’tje’!