Weppers snein 30-8

Weppers freed 28-8
28 augustus 2009
SDS 5 op Skylge
30 augustus 2009

SDS Feteranen winne
Wij hawwe krekt trochkrigen dat de feteranen en Hampie sneon it sterk besette feteranentoernooi op Skylge tige ferrassend wûn hawwe. Letter mear oer penaltykiller Marco, it read fan Jappie, de giele skuon fan Gerard, de jas fan Hendrik, it lauwe bier en de koarte nachten.

SDS 2 wint
SDS 2 wie juster dúdlik in maatsje te grut foar Reserve-3e-Klasser VV Dokkum 2. SDS 2 wûn mei 5-0. Doelpunten wienen der fan Henk Postma(2x), Skelte Anema (2x) en Redmer Strikwerda.
Hichtepunt foar flagger Willem Overal wie dat SDS 2 it baltsje sa kreas rûn spile dat Henk efkes de tiid krige om syn skoen op ‘e nij oan te dwaan.
Christiaan Gaastra makke fertsjinstlik syn debút yn it 2e.

De froulju
SDS DA1 oefene juster tsjin DA2. De froulju binne sjoent de útslach aardich oan elkoar weage. Sy spilen yn in prachtige pot 4-4.

SDS D1 – SC Franeker D1

Na een sensationeel begin van de wedstrijd, 1-3 in tien minuten, bekwamen de beide teams wat van de schrik en werd er een leuke pot voetbal op de mat gelegd. De einduitslag 2 – 4 is een knappe prestatie te noemen voor de zwartbroeken, van wie er zeven uit de e’s komen. Na drie bekerwedstrijden, waarvan twee tegen hoofdklassers en één tegen een tweede divisieploeg, weten we redelijk hoe we er voor staan. Er kan nu gericht aan een aantal tactische finesses gewerkt worden tijdens de trainingen, om zo in de volgende week te starten, competitie vol zelfvertrouwen voor de dag te komen.  
Tjerk


SDS E1  –  Oeverzwaluwen E1
Zaterdag 29 Augustus 2009 heeft SDS E1 de derde bekerwedstrijd gespeeld.
Wij hebben met 13-0 gewonnen, SDS speelde goed en Tom maakte de 1-0 voor SDS.
Jelmer (onze nieuwe aanwinst) scoorde na een kwartier ook nog de 2-0.
Tom heeft twee goals gemaakt en Idsert, Sybren, Niels, Robbin en Jelmer die scoorden allemaal 1 doelpunt.
Yward en Inne scoorden allebei 3 doelpunten.
Gr. Yward

Petsje ôf
Willem Overal flagge juster wer by SDS 2. Dit hat hy wol folle faker dien, mar dochs eage hy fitter en skerper dan oars. Yn de rêst kaam de B-seleksje derefter hoe ’t dit komt. Willem is mar leafst 15 kilo ôffallen. Hjir nimme wy ús petsje foar ôf!

Net mear op fakansje
Wy tinke dat Hendrik de Jong de kommende jierren net gau wer op fakansje gean sil. Foarich jier skuorde hy krekt foar de fakansje syn ankelbannen en gie it feest net troch. Dit jier wie hy fit en koe it eindelijk oangean. Nei 3 dagen op Tenerife like der noch neat oan de hân oan ’t hy de strânstoel fan Amarins (mei har der noch op??)efkes ferskowe woe. It skeat him flink yn de rêch. Nei in spuit fan de dokter waard it noch net folle better en hat hy de rest fan de wike oan de spierferslappers (nee, gjin bier) en pynstillers sitten.

Tikke-Terug-Jaapklassemint

Ôfrûne woansdei foel de earste eigen goal te noteren fan it seizoen. It wie in klassiker. Yn de oefenwedstryd tusken SDS 2 en Sint-Anne 2 kaam der in bal fan efterút heech foar de pot. Keeper Harm-Jan Kamstra gie foar de bal, mar Wichard Deinum wist de bal noch krekt troch te koppen. Dizze gie fansels prachtich oer de keeper hinne.

Beieren
Arjen Robben wie juster de man by Bayern München. Tongersdei makke hy de oerstap fan Real Madrid nei Bayern en juster wie hy lyk de man mei 2 goals tsjin VfL Wolfsburg. Dizze kop seagen wy fan ‘e wike op it ynternet:
“Arjen Robben kiest Beieren voor z’n geld”.

Harsens derby (64)
Om te foarkommen dat de skiedsrjochter mei reade kaarten zwaaien giet kinne je him mar better de reade kaart ûntnimme:


Miskien letter noch wol mear!