SDS 5 op Skylge

Weppers snein 30-8
29 augustus 2009
Weppers moandei 31-8
30 augustus 2009

SDS 5 hat dit wykein nei Skylge west. Om dêr op it jierlikse feteranantoernooi te fuotbaljen en der efkes út te wêzen. In ferslach fan de hichte en djiptepunten. Helaas noch sûnder foto’s.

De seleksje
De seleksje bestie út in bûnt selskip, omdat in soad feteranen tafallich allinne dit jier net meikoene. It wie skraabjen west foar lieder Eddy. Neist de SDS 5 spilers Marco, Jacob, Christiaan, Jappie, Harm Auke, Ype B, Aant en Durk wie fan SDS 4 Pieter Groenveld ynhierd, levere Futsal 2 Hendrik Okkema, joech SDS 2 Jan Simon Jelsma frij, koe Boudewijn Kramer syn SDS debút bij SDS 5 meitsje ynstee fan bij SDS 6, waard Robert Hoekstra fan de reservelist plukt, liende Gerard van Asselt bij him sels in pear fuotbalskuon en  moast Daan syn flagge ynleverje om mei te fuotbaljen.

De dielnimmers
It like in stevich programma mei 6 tsjinstanners. Heerenveen, it Fean, Minnertsgea, Mulier, Baflo en Terschelling. Mar omdat it 5de fan Eefde ek op it eilan wie en wol graach mei dwaan woe, waarden dy ek noch talitten. Dat tsjutte twa poulen fan 4 en dêrnei de finales.

De wedstriden
SDS begong tsjin Eefde. En dat  waard in krease  1-0 oerwinning troch in doelpunt fan Harm Auke. Yn de twadde wedstryd tsjin Terschelling wie de spanning grut want SDS kaam op 1-0 troch Jappie en dat wie net gelyk ferwachte. Jappie seach in spiler mei twa fuottten ynkommen, oaren seagen mar 1 foet en de skeid seach hielendal neat. Op syn kreet: skeids, ik moat moandei wer wurkje, krige hij giel en bij it sjen litten fan wat fatsoenlike emoasjes krige hij sels read. Mei 10 man koe de 1-0 net fêstholden wurde en mei 1-1 moast SDS tefreden wêze.
De lêste wedstryd tsjin Baflo bleau it gewoan 0-0. No ja gewoan. Earst moast der praten wurde om Jappie wer yn it fjild te krijen en it like der efkes op dat SDS mei de lêste boat werom koe, want de skeids woe it net talitte. Ype Burggraafff sette al syn sjarme yn en sa koe Jappie meidwaan. SDS krige ek noch in strafskop en it like Jappie wol wat om dy te nimmen. Jappie komt yn it Clarence Sluier klassemint.
Harmpie naam it plak fan Marco yn ûnder de latte en de tsjinstanner waard frege gjin hege skotten te lossen. Hampie hold de 0 en liket no ek in geduchte konkurrint foar Klaas Kamstra te wurden.
Troch de oare útsslaggen waard SDS earste yn de poule.

De finale
Yn de sterke oare poule (Minnertsgea, it Fean, Heerenveen en Mulier) wie Mulier as earste einige. It sterkee taktyske konsept fan lieder Eddy wurke: de nul hâlde en op de strafskoppen oankomme litte.
Dat slagge prima en de strafskoppen searje wie it hichtepunt fan it toernooi.
Marco Hoekstra liet de bal fan doarpsgenoat Marco Ottens noch gean, mar wist twa oare strafskoppen te pakken. Ien fan de missers wie fan Menno Bruinsma, dy’t miende no ek bij ús yn it klassemint te kommen. Foar SDS skoarden de trije J’s (Jacob, Jappie, Jan Simon) en Hampie.

SDS wûn  dit toernooi foar it earst en de earste kontrakten foar takem jier binne al wer ofsluten. Hendrik Okkema wol dan sels graach noch in dei of twa earder fuort. Mooglik dat Rennie dan as sponser benadere wurde kin.

Hichtepunten:

  • Gerard van Asselt skeat nei twa minuten al op de latte
  • De strafskoppe searje mei Marco yn haadrol
  • Hampie en Jacob koene goed meielkoar op sjitte
  • it bier wie freedtejûn wol kâld en der wie genôch
  • Bij it op bêd gean hie nimmen lêst fan de stank yn it sliephok
  • Christiaan flagge op Daan syn nivo
  • Daan fuotballe op Christiaan syn nivo
  • De prachtige blauwe skuon fan Boudewijn 
  • Elkenien wie op tiid op de boat
  • In besite oan de gesellige kantine fan Samme syn AVV
  • It optreden fan Sjoerd fan Skylge en Jaap fan Wytmarsum yn Onder de Pannen

    Noch wat djiptepunten
  • Gerard skeat op de latte wylst hij hielendal frij foar it doel stie
  • It bier wie yn de tredde helte lau
  • Der wiene sneon en snein te min rennies, parasetamollen en oar spul tsjin pineholle  en oerstjoere magen
  • Bij it wekker wurden wie de stand yn it sliephok ûndraachlik
  • Hendrik Okkema wie syn jas al wer “kwyt” krekt as twa jier lyn omdat hij syn eigen jas net herkende 
  • Hampie wie earst syn sliepsek fergetten
  • Durk foel mei in blessure út
  • It ôfrekkenjen yn de kantine

Mooglik dat er noch wat hichte en djiptepunten bijkomme want net alle ynformaasje is noch binnen.