Weppers snein 30-6

SDS-Look-a-likes!
26 juni 2013
SDS-Look-a-likes!
2 juli 2013

Efkes Balje

It Efkes Baljen stie juster yn it teken fan de striid fan heit en soan Vellinga. It waard in fúleindige striid wêrýn Douwe Jan syn heit soms it poeke rûke liet. Sa fúl as in foarke en mei each foar it doel en meispilers  waard Folkert Rients en syn ploechje betiden oerrompele.
Douwe Jan waard holpen troch Ferry Korbach en Pieter Veenje. Folkert Rients moast it dwaan mei Harry en Aant.
Nei de grutte partij in grutte laits op it gesicht fan Douwe Jan: hij hie wûn. De allesbeslissende trije lêste doelpunten waarden lykwols makke troch Folkert Rients.
Tegearre mar efkes op de foto en thús sille it se it der noch wol efkes oer hân hawwe. Douwe Jan oer de earste partij en Folkert Rients oer it slotakkoard.

Yndieling
De yndieling fan SDS 2 is ek bekend. It folseine oersicht fan de reserve klasse mannen A is
hjir te besjen.

Triatlon
Der leit in aardige útdaging klear foar de sportivemannen en froulju fan SDS. Op tongersdei 5 septimber is der in
8ste thriatlon fanút it swimbad yn Wommels. Wij soene sizze noch twa moannen de tiid om te trainen foar 500 meter swimmen, 21 kilometer fytse en 5 kilometer drave. 

Transfernijs
Op twitter ferskate grappige fynsten oer (mooglike) transfers:

Oer Leerdam: Ik kijk uit om in een leeg stadion te spelen, uitgefloten te worden en te voetballen in een gymzaal #vitesse

SeriousRequest reageert positief op transfer Pieters. “Nu kan het Glazen Huis gewoon in Eindhoven staan.” 

Oer Eriksen dy’t miskien nei Barcelona giet. Sjoch hjir

Moandei of tiisdei wer mear!