Weppers snein 3-2

Lyts programma sneon
1 februari 2008
Weppers moandei 4-2
3 februari 2008

SDS 1 wint
SDS hat juster de oefenwedstryd tsjin Nijland 1 mei 1-0 wûn. Dizze stân wie al by de rust berikt. Hendrik de Jong makke mei in skitterende goal de 1-0.
SDS kaam te spyljen tsjin in stuch Nijlân. De hân fan âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld wie dan ek dúdlik te sjen. Troch zone-dekking gjin kans fuortjaan. It grutste komplimint foar Nijlân kaam fan Skelte: “neat oan om tsjin te fuotbaljen”. 

SDS B1 wol yn aksje
Alles ôflast útsein B1. Klaas Pompstra docht berjocht:
SDS B1 wie hjoed yn it spier yn Ljouwert tsjin JVC. We ha ferlern mei 7-1(4-0). We ha twa kear skoard. Andrties makke de goal foar SDS op in moaie stekpass fan Doede.
Arjan hat JVC mar efkes holpen en doelpunt 5 makke, oars hienen hja it nea rede kinnen (grapke…). Foar de wedstriid docht bliken dat foar guon spilers de nije shirt te lyts binne. Famkes litte faaks graach de nâle sjen ûnder it faaks te koarte truitsje wei. Mar by jonges stiet dat net en boppedat wie it der gjin waar foar no?
We hienen in sniestoarm en dat wie seinen we tsjin de jonges. Werom seinen se. No, de ‘stêdsjes’ kinne net oer sok waar en wy wol, want wy binne bikkels fan it doarp.
Derom wie it wol ‘spitich’ dat de sinne der by kaam doe we oan de ôftraap stienen. Al mei al in aardige wedstriid fan ús kant. It fuotbaljen giet hieltyd better. We ha wolris wat (folle) pech en de tsjinstanners wurkje ek net mei (wer in grapke). We ha wol wille en gean altyd wer mei in glimke op de holle nei hûs. Fansels binne we nea tefreden mei it ferlies, mar dat is no efkes net oars. 

Ek fan dizze wedstryd hat Klaas wer
in ferslach makke.

Reklameboerden pleatse
 
Sneon  is der mei man en macht wurke oan it pleatsen fan reklameboerden. Opfallend dêrbij is dat tusken elk boerd it logo fan SDS pleatst wurdt.

In bui op it ferkearde momint op it ferkearde plak
Dochs wol wat teloargesteld stiene de SDS 1 spilers sneontemiddei om 13.30 bij it fjild fan SDS. Se soene ôfreizgje nei Snits omdat it fjild te wiet wie en dêrtroch de wedstryd yn Easterein ôflast  wie.
It fjild like om dy tiid seker net te wiet, mar men realisearde sich dat it momint fan keuring wol hiel ferfelend útkaam. In dikke bui om goed 11 oere, mei wiete snie joech om dy tiid in suterich byld. 
In bui op it ferkearde momint op it ferkearde plak. 

Moaie jûn
Beide webmasters hiene wer in moaie sneontejûn. De iene siet yn stadion yn it Fean en is heas fan it sjongen en de oare hie hâlden en kearen mei syn laptop op de skurte want dy waard suver 7 kear de loft yn smiten.

Derksen en Genee
Wij witte allegear dat yn it programma Voetbal Insite Johan Derksen noch al ôfjout op Louis van Gaal. Doe’t Wilfred Genee sneontejûn wat fragen stelle woe oan Louis  foar de wedstryd tsjin AZ, krige hij de wyn fan foaren. In hearlike konfrontaasje dy’t jûn fêst (sûnder te knippen) útstjoerd wurdt.

Gerucht
Út sear ûnbetroubere bron krigen wy juster in opfallend berjocht. De bron is ús noch bekend, it berjocht net mear……….

Primeur
De webside fan VV Nijland hie fan ‘e wike de primeur mei de (hân)tekening fan Alves(klik hjir).

SDS League
De nije spilerslist fan de SDS League is klear. Mochten jim noch foutsjes tsjinkomme, mail dan efkes nei SDSLeague@vv-sds.nl. Sjoch hjir foar de nije list. Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 16 febrewaris om 19.00!

Is der noch nijs? Mail it nei dizze adressen