Weppers snein 29-5-2022

Programma sneon 28-5-2022
27 mei 2022
Foto’s SDS 1 – Makkum 1 28-5-2022
30 mei 2022

SDS JO11-1 kampioen!

Ferline wike waard SDS JO11-1 ferrassend kampioen. Juster koenen sy dit fiere mei fansels harren kampioenssjurts oan!

Pupillen fan de wike

Juster wienen der mar leafst 3 pupillen fan de wike en sjoen de romme 4-0 oerwinning fan SDS 1 moatte wy dat miskien mar ris faker dwaan. Jinse-Dirk de Jong gie mei Gerbrand Kramer op de foto en Brent Overal en Tijmen Bults mei Lourens van der Pol.

SDS 2 noch foar in perioade?

SDS 2 wûn juster mei 3-1 fan ONT 2 en dat bestjut dat sy noch folop kâns meitsje op in perioadekampioenskip. Neffens ús hinget it fan Workum 2, ONT 2 en fan SDS 2 sels ôf. SDS 2 moat nije wike nei koprinner Drachtster Boys 4 dy’t dan kampioen wurde kin.
It kin op 2 manieren;
* SDS pakt sels de 3e perioade as it 3e wurdt yn de 3e perioade. Workum 2 en SDS 2 hawwe likefolle punten, mar Workum 2 hat in doelsaldo fan +6 en SDS +4. ONT hat 1 puntsje minder en in doelsaldo fan +9. Drachter Boys en Stiens steane 1 en 2 yn dizze perioade, mar hawwe al in perioade pakt.
* SDS 2 krijt de perioade fan de kampioen as nûmer 4 fan de kompetysje as Workum de lêste perioade pakt.

SDS Vr.1 op moandei

De froulju fan SDS Vr.1 wienen juster frij en meie moandeitejûn balje om 20.00 oere yn Ljouwert tsjin LAC Frisia Vr.1.

SDS 5 slút seizoen ôf

SDS 5 slúte juster it seizoen ôf mei in hapke en in snapke en it fuotbaljen op it grutte skerm mei mooglik makke troch WD-Sat.

Ofskie

SDS 5 hat juster offisjeel ôfskie naam fan Auke Hiemstra en Wichard Deinum. Wichard wie al efkes stoppe, mar no hat ek Auke syn skuon yn de wylgen hong nei oanhâldende blessures:

Op de foto foar it SDS-jubileumplaatsjesboek

De measte jeugdspilers steane no op de plaat foar it SDS-jubileumplaatsjesboek. Allinnich SDS JO8-1 noch net. Wy sille efkes sjen hoe as wy dit oplosse sille.
As der oars noch lju binne dy ’t noch net op de foto kommen binne lit it ús efkes witte fia info@vv-sds.nl.
Mooglik kinne wy mei de slotdei nije wike noch wat plaatsjes sjitte.

 

Letter miskien wol mear!