Weppers snein 29-1

Programma sneon 28-1
27 januari 2012
Weppers moandei 30-1
29 januari 2012

SDS 1 – BCV 1
In moaie sneon krekt foar dat de horror winter begjint. It fjild leit der prima bij. Supporters stean der wer klear foar. De ploegen ek? Yn de earste helte net folle kânsen. De beste foar SDS. Jacob von skoot de bal neist. BCV skoart wol. Ut it neat. Rêststân 0-1. Goeie moed nei it skoft. Wat druk nei foaren. In domper. Jaap twifelt, BCV skoort: 0-2. BCV kontroleart. Jaap rêdt. Noch 20 minuten. Is der noch moed? Jacob Klaas skoart!. It fjoer is werom. 1-2. Frije traap op 20 meter doar it BCV doel. Tjipke Klaas skoart. Wat sille wij belibje: 2-2. Noch 2 minuten te gean. Gelykspul is in punt. Nee, it wurde 3. Ynfaller Dirk de Jong pakt de bal fan knoeiende BCV ferdigener ôf.
Hat noch lang fjild foar him. Sjocht doelman oankommen. Sjocht en sjit yn de rjochter hoeke. 3-2.   Dirk krijt publykswiksel. Ein sinjaal. Blide minsken yn Easterein. Teloarstelde BCV-ers.

In goeie reden
In moaie sneontemiddei, lekker waar en einliks werris fuotbal yn Easterein. En toch kinne der dan redenen wêze om net nei it fuotbal te gean. Sa as in blommenkast út East Grins helje. Foar Pep.

Pupillen

Tjipke Klaas Okkema skoarde juster de 2-2. En dat wie reden foar Sietze Marten Stoffelsma fan E1 om him ûnder de brûs wei te heljen om op de foto te gean.


Dirk de Jong wie de helt juster middei. Sa faak docht hij net mei yn it earste en dan de winnende skoare tsjin BCV. Sjoerd de Boer (E1) hie de kâns fan syn libben. Hij woe mei Dirk op de foto.
Moarn komt der noch mear op de webside oer de pupillen fan ‘e wike.

SDS-sealtoernoai
Justerjûn wie der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai. Der dienen sa ’n 30 fuotballers mei ferdield oer 5 ploegjes. It waard in jûn mei panna’s, hakjes, blunders, strûkelpartijen en it wie úteinlik it ploegje fan Sjoerd de Vries, Jacob von Wieren, Robert Sybesma, Geert Dijkstra, Pytrik Hiemstra en Erwin de Boer wat der mei de earste priis(ets 4 drûge woarsten fan Murks Slagerij) fan troch gie(of lyk opiten hat).
Wy wolle hjirby Durk Okkema noch efkes tank sizze foar it betsjinjen fan it skoreboerd.


Dames der SDS! 
 

Der komme al SMSkes binnen, yn de Jumbo wurde je geregeld oansjitten: wannear begjint it trainen wer? Dizze fraach wurdt hjir beantwurde. WE GEAN LOS! Oankommende moandei rekkenje wy op jim. Wy geane út fan in moaie opkomst fan sportive froulje die nocht hawwe oan de twadde helte fan it seizoen. Fansels is der altiten in maar: it waar. Piet sels hie noch gjin “wintergefoel” mar it nijs seit no maksimale temperatuer min 6. Klinkt net goed. Hald dus wol efkes de webside yn de gaten at it wol troch gean kin. Mar dus fanôf kommende moandei eltse moandei wer trainen.   

De skoun kinne út it fet! We gean der foar!  

Groetnis Eeltje en Bram  

Jierdei
It is hjoed 29 jannewaris en dat betsjut dat Wessel Schraa (E1) 11 jier wurdt. Fan herte lokwinske.

Topper
Hjoed is de ienige klassiker yn Nederlân: Feyenoord- Ajax.  Dizze wike wie (super) Guidetti noch siik en it wie de fraach hoe’t it komme soe. Superguidetti mei graach twitterje. mar koach Koeman hat neat mei sokke dingen. Hij wol de tsjinstanner net wizer meitsje en hie frege oan Guidetti om net te folle te twitterjen oer at hij no wol of net traind. Guidetti sei ta om him kalm te hâlden:

Hij fergeat lykwols syn freondinne op de hichte te bringen.

Toppers
Boargemaster fan Rotterdam Aboutaleb kin wol wolle dat der gjin Ajax-supporters nei Feyenoord – Ajax komme, mar kin net foarkomme dat Feyenoord-supporter Freek Tichelman syn Ajax-freonen Hjalmar Ruiter en Martin Rienstra meinimt De Kuip yn moarn. Hjalmar is te herkennen oan in Ajax-ûnderbroek en Martin hat heechstwierskynlik syn Ajax-pyama oan ûnder syn klean.
slechte stadionplaatsen
It is foar Hjalmar en Martin te hoopjen dat Freek al wat goeie sitplakken foar harren regele hat…………

Harsens derby(671)
“Tink derom! Hite bitterballen!