Weppers moandei 29-6

Weppers snein 28-6
28 juni 2009
Weppers tiisdei 30-6
29 juni 2009

Oare sporten
Nei in sjittende Jan, in pitch en puttende Aant, in keatsende Willem, in reedridende Inne,Idsert en Tsjipke Klaas, in “knikkerje foar folwoeksende” Hendrik, in teatsende Tsjipke Klaas, in bierdrinkende Tsjalling en in hurddravende Kees kinne wij hjoed wer twa sporten taheakje oan ús riichje. Hawwe jim ek noch in foto fan in sport dy’t der no noch net bijsit, mei in SDS lid der op, dan kinne jim dy nei ús maile.

Oare sporten – judo

Steven van der Pol van F1, dy mei ek graach judo dwaan. En it komt regelmjittich foar dat hij de klim dwaan moat nei it heechste podium.

Oare sporten – sile

Piter van der Pol (D2) dat wurdt miskien wol de earste skûtsjesiler fan Wommels. Hij is regelmjittich drok oan it oefenjen yn de fearten bij Wommels. No noch yn syn Regenboog of Bm-er of wat fan type it ek mar is.

Alle einstannen
Binne jim ek sa benijd nei alle einstannen fan foarich seizoen yn regio Noord? Hjir kinne jim se besjen.

Ham & eggs
Lid fan de SDS-Bunnikside Lolke Hofstra hat dit wykein yn it Hyde Park fan Londen west om Neill Young dêr te sjen. Dat sil wol in dreech wykein west wêze, want it iten yn Ingelân is ek net folle(klik
hjir).

Spanningen
Ôfrûne freed binne der spanningen ûntstien tusken de directies fan it WK en it RK(Reahûster Kampioenskip). Oarsaak fan de spanningen lizze, foar safier bekind, oan de fleskes fan de Eastereiner feesten en oermatich gebrûk fan Hollandse Nieuwe. Fjirder is út sear unbetroubere bron fernaam dat dizze spanningen sportief oplost sille wurre op it fjild fan Reahûs yn in foarm fan in 5vs5 toernoai. Yn de rin fan de wike sil wierskynlyk de direksje fan it WK mei in offisjieel parseberjocht nei bûten komme.
Namens it WK-Bestjoer,
Stat. Alg. Dir. Hendrik Engbrenghof

WK
Jûn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.`

Net leuk
Ynterviews mei fuotballers nei in wedstryd binne meastentiids saai. Der moat al hiel wat barre mocht it noch in bytsje aardich wêze:



Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Moarn mear!