Utslaggen 27-4

Seleksjes 27-4
25 april 2013
Weppers snein 28-4
27 april 2013

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.

Tiid Wedstryd
8:30 SDS E1 – SWZ E3 1-6
8:30 SDS E2 – ONS Boso Sneek E3 4-3
8:30 SDS VR2 – Foarut VR1 G.n.t.
9:35 SDS F2 – SJO Oudega/HJSC F1 6-5
9:35 SDS F3 – ONS Boso Sneek F2 0-13
10:15 SDS A1 – Rood Geel A2 11-2
10:35 SDS D1 – Leeuwarder Zwaluwen D1 1-6
11:50 SDS C2 – Zeerobben C2 1-2
12:00 SDS 2 – Balk 2 1-3
13:15 SDS 4 – IJVC 3 2-2
14:30 SDS 1 – VVI 1 3-4
15:00 SDS 3 – Heerenveense Boys 3 4-1
10:45 FVC D2 – SDS D2 G.n.t.
12:15 Walde De 3 – SDS 5 3-0

SDS 1 – VVI 1        3-4
Mei 7 doelpunten kamen de leafhawwers fan doelpunten wol oan harren trekken. It wie in frjemde wedstriid want wylst VVI yn de earste healoer de bettere kânsen krige skoarde SDS nei 30 minuten de 1-0. De assist wie fan Jelmer (neffens heit Appie) en it doelpunt fan Dirk Yde.
Doe’t de earste taskôgers al rjochting kantine gyngen foar de kofje sette VVI efkes wat rjocht yn in minút as 10. Sij skoarden de 1-1 en de 1-2.
In domper mar SDS pakte it de twadde helte wol goed op. De kamen bettere kânsen, der wie mear fuotbal mar de noed lei foaral efteryn want VVI wist mei lange ballen hieltyd ien fan de foarspilers te berikken.
Dochs waard it 2-2 en it wie Tsjipke Klaas Okkema dy’t bij de twadde peal in behearst tikje joech.
De hop op trije punten waard noch grutter doe’t Dirk Yde út in strafskop de 3-2 oantekene (Dirk de Jong wie dellein binnen de 16).
Mar wylst it skoareboerd noch mar krekt de 3-2 oanjoech wie it al 3-3. It waard yn minút 84 ek noch 3-4.

SDS 2- Balk 2  
SDS 2 hie de koprinner op besite en hie suver wol in puntsje fertsjinnen neffens de berjochten. It waard in 1-3 ferliespartij mei in doelpunt fan Feite de Haan.
 
SDS 3- Heerenveense Boys
SDS 3 wûn syn tredde wedstryd op ‘e rige. No mei 4-1. Pytrik, Mark(2x) en Ralph makken de doelpunten.
 
SDS 4 – YVC 3
Wij hawwe de opdracht krigen om te skriuwen dat it in geweldige wedstriid fan SDS 4 wie tsjin de koprinner. Eachstrieljend fuotbal, floeiende kombinaasjes, technyske hegestandsjes en taktysk boppemjittich.
De doelpunten binne gelyk yn in list setten want dy hawwe wij noch mar selden sjoen op dit sportpark. De makkers wiene Douwe de Boer en Jelle de Jong.
Einstân 2-2
 
de Wâlde 3 – SDS 5
Swier oanslein kamen de manen werom fan it fuotbalfjild yn Kolderwolde dêr efter it Fluessen. Mar leafst mei 3-0 de sylboat yn. Fuort binne de mooglikheden foar in kampioenskip.

 
SDS E1  – SWZ E3
In wedstriid wer ‘t in soad op it spul stie. Diegene die hjoed winne soe, wie fan ’t lêste plakje ôf. SDS en SWZ hiene beide noch 0 punten. By it waarm draven wie it einliks al te sjen. De skerpte wie der hjoed net by us mannen. Dat die blyken yn ‘e earste helte. Slap begjinne, te folle seure samar gûle at it efkes net wol. Reststân 0-3. It begjin fan ‘e twadde helte wie folle better. Ut in moai stekbaltsje van Stan, koe Tjitse de 1-3 meitsje. Efkes like it erop at SDS troch gean soe, mar it wie SWZ die de 1-4 makke. SDS bleaun aardich fuotbaljen en kriege noch in soad kânsen, werûnder een moaie “folley” van Tjitse die op de latte utien spatte, Stan skeat noch in kear op ‘e latte, dus we hiene it gelok ek net mei. De spits van SWZ wie snel, hie een goed skot en wie ek wol in bytsje gemien. Dertroch skeat hy er noch wol een pear yn. Einstan: 1 – 6.
Neffens de ferhalding in te grutte utslach, mar wol in fertsjinne oerwinning foar SWZ. Nije wike sneon ha we fry en de wike derop moatte we thus tsjin Joure.
Dan mar wer probeare om puntjes te pakken, it moat toch in kear slagje.
Theo.
 
Giet net troch
-D2 speelt morgen niet tegen FVC. In verband met te weinig spelers bij FVC is de pot uitgesteld.
Tjerk

-De froulju fan SDS VR.2 hawwe sneon frij. Dit tryste berjocht krigen wy fan Andre:
Foarut heeft te weinig speelsters
groetjes, Andre

Efkes Balje
It Efkes Baljen hie swier te lieden fan de wedstriid scHearrenfean- AZ. Dat de tribunesitters de ferkearde kar makken wie dúdlik mei in 0-4 einstân. Sij misten dêrtroch 48 doelpunten wêrfan 13 fan in bysûnder heech nivo, 18 nei flotte kombinaasjes, 5 geloksdoelpunten, 2 eigen doelpunten en 10 yntikkers. Tafal of net Pieturrr makke der 10. Neffens eigen sizzen miste hij sommigen net echt mar hoopte al dat se der nije wike wer bij binne. Dat sil dan yn Wommels wêze. It kombinaasje fuotbal wol der mar net útkomme op de strânflakte en dêrom nije wike om 19.30 yn Wommels.