Weppers snein 28-10

Ut- en ferslaggen 27-10
26 oktober 2012
Weppers moandei 29-10
28 oktober 2012

De tomme omheech
It bart wol folle faker dat in skeids bij SDS twa wedstriden fluitet op ien dei. Dat Eddy de Boer dat ek mei gemak dwaan kin die sneon bliken. Earst Vr1 en doe it fiifde. It levere him allinne mar kompliminten op en in wurge lea. It is de fraach at hij hjoed oerein springe kin at Ajax skoart….at se skoare.

5 minuten en 15 sekonden
Wij freegje jong en âld 5 minuten en 15 sekonden fan jim tiid om
dit filmke te sjen. In prachtich ferhaal fan in fuotbalteam op in eilân bij Thailân. (tanksij in tip fan Jacomien Heeres)

SDS
Neffens Tjerk van der Pol betsjut SDS hielendal net Sterk door Samensapel, mar …………………….

Sjoch hjir foar it hoe en wêrom yn it ferslach fan de wedstryd fan D2.. 

Blues
Neidat jim fanôf de bank Feyenoord-Ajax sjoen ha, neidat jim fan efter it stek  Dronryp-Littens besocht ha, is it tiid foar wat beweging. Bij de blues fan Tru Tones skine je net stilstean bliuwe te kinnen. Om 16.00 oere bij Noflik.

Yn de ljochtstêd

Fan ús korrespondint Epmiek Reyem krigen wij fanút Paris noch in foto fan Willem Twijnstra. Hij wie dêr dizze wike en sa te sjen orienteart hij him op nije ljochtmêsten.

Blide froulju fan Littens

Blide gesichten bij de froulju fan Littens. Sij wûnen mei 1-10 fan de froulju fan SDS.

Sij woene best wol efkes mei blide gesichten op de foto…..

op ien nei……dy kearde ús in brede rêch ta.

FIFA-2013-toernoai yn de Tsjerne
Jou je hjoed noch op!


Harsens derby(874) 
Hjir it hichtepunt fan de wedstryd fan Ajax fan ôfrûne woansdei. Op de 3 goals fan Ajax nei fansels: