Weppers moandei 29-10

Weppers snein 28-10
26 oktober 2012
Foto’s Meinte Sixma-toernoai
29 oktober 2012

E3 gjin trainen
Bauke Dijkstra lit ús witte dat it trainen foar E3 net troch gean kin. It is ien grut wetterballet.

Ek gjin trainen
Jûn gjin trainen foar de F2.
Hans

Ek net
De C1 traint ek net, op ’t foarste stik fan ’t fjild efter de sporthal stean te grutte plassen.
Boudewijn.

Fia Twitter
Meiden van MC1 hebben vanavond geen trainen.
@Warntille

Te wiet
SDS B1 hat jûn gjin trainen, want it fjild is te wiet.
Hester

Gjin trainen
It trainen fan de froulju gjit net troch ien ferban mei it waar.
Wy hoopje dat we folgende wike wol wer los kinne.
De leafhawer mei foar sichself in rûndje hurdrinne, om te oefenjen foar de snertrin.
Groetnis Bram & Eeltje

Foto’s WPB 1 – SDS 1
Ôfrûne sneon hat Henk Bootsma wer ferskeidene foto’s makke by WPB 1 – SDS 1. Jim kinne se hjir besjen.


SDS

Tjerk van der Pol skreau in ferslach oer D2. Hij die der allessizzende foto mei bijpassende tekst bij.

Ek de fyts noch fuort………
Syb Overal bruts tongersdeitejûn op trainen syn pink en liet dêrom de fyts mar by it sportpark stean. Doe ’t hy sneon mei de hân yn de doek syn fyts ophelje soe blike de fyts der net mear te stean. Soe degene dy ’t de blaue Gazelle(en dus gjin Batavus) dames-sportfyts meinaam hat him wer by de Skoalleseize op by Syb thús delsette kinne?

Boppe-oan
Oan ’t foarige wike stie SDS A1 boppe-oan en leider Klaas Visser muork oan syn spilers dat sy dit dúdlik net wend binne. Yn it praatsje foar de wedstryd frege der efkes hoe lang as it lyn wie dat sy boppe-oan stien hienen. Wytze Fopma die lyk de finger omheech; “18 jier!!”

Harsens derby(875)
By SDS 2 hawwe sy in spesjale korner ynstudeard dy ’t noch net echt slagget. Dochs binne de korners altiten noch better as dizze: