Weppers snein 27-9

Utslaggen sneon 26-9
25 september 2009
Weppers moandei 28-9
27 september 2009

SDS 1 dik ûnderút

As fotograaf is je middei goed at je in doelpunt meipikke.
Henk Bootsma makke dizze foto wêr`t helaas in doelpunt makke wurdt.

2 kear 5
Jappie Wijnia is goed op dreef dit seizoen. SDS 5 hat no twa kear fuotballe yn de kompetysje en Jappie skoarde twa kear fiif kear.

Lollumer stip
Wij fregen ús al langer ôf hoe’t it dochs kin dat de âldste fuotballer fan SDS Ype Burggraaff it sa lang út hâldt. Sneon yn de kantine  kamen wij efter it geheim: Lollumer stip. Neffens potstrou deskundige Geert Dijkstra, ôfkomstich út Lollum soarget
sok iten hast foar it ivige fuotballibben. Appie Posthumus, opgroeid yn Lollum, mar dochs goed te plak kommen yn Wommels, koe dizze fysje befestigje.

Pupil fan de wedstryd
(foto Henk Bootsma)
Skelte Anema mocht juster al wer op de foto mei in pupil fan de wedstryd. Jitte Kees Altenburg wie de gelokkige.
(foto Henk Bootsma)
En Wiard Koopal pronkte efkes mei Erik Haitsma 

Blues
Hjoed om 16.00 oere is der foar de leafhawwers blues yn it kafée yn Easterein. Frije entree.

SDS D1
SDS D1 hat juster oefene tsjin Rood-Geel D1. Sy ferlearen mei 6-3 mar spilen in knappe pot. Sjoch foar it ferslach by “‘utslaggen sneon”. Hjir de alvetalfoto:

Hoe lang?
SDS 2 moast juster nei de Harkema om te fuotbaljen tsjin de Boys. Wichard Deinum ride en gie hielendal binnentroch. Sy riden troch plakjes wêr in pear yn de auto noch nea earder west wienen. De mannen waarden sa ôflieden troch de omjouwing dat eins net ien wist hoe lang sy no eins yn de auto sitten hienen. Weromreis wie it better. Yn ‘e Harkema waarden de klokjes lyk setten en yn Easterein koe sjoen wurde hoe lang as sy no eins riden hienen. It antwurd wie maklik; “ien kratsje bier”………

Harsens derby (72)
Dizze Japanse keeper is net hielendal op de tried:


Letter hjoed mear!