Weppers snein 26-7-2020

Efkes Balje
12 juli 2020
Weppers 29-7-2020
29 juli 2020

‘Winners’ sponserrin sc Heerenveen/ST. SDS-Nijland

De sponserrin fan sc Heerenveen/ST. SDS-Nijland koe fansels allinnich mar winners. Dochs kinne inkelden noch in priiske temjitte sjen om ’t sy de measte stipers binnenharke hawwe. Dit binne se:
* de wedstriid fan je libben: Amarins Bouma
* de wedstriid fan je libben: Auke Andries Veenstra
* de wedstriid fan je libben: Rimmer Folkertsma
* sc Heerenveen bal: Steffen Schram
* sc Heerenveen pet: Brent Overal
* sc Heerenveen sjaal: Hessel de Boer
‘De wedstriid fan je libben’ tusken de 11 fan sc Heerenveen en 100 jeugdspilers sil spile wurde as de RIVM-rigels dit tastean. Mocht dit úteinlik net trochgean dan krije de winners in alternative priis.
Uteinlik hawwe de jeugdspilers fan ST. SDS-Nijland €2410,- binnenhelle. Hjir binne wy tige wiis mei!

Beker

Fannewike is der lotten foar de beker. It sjocht der foar SDS sa út:
SDS 1
Mulier 1
Makkum 1
sc Franeker 1

SDS Vr.1
LAC Frisia Vr.1
Sneek Wit Zwart Vr.1
MKV ’29 Vr.1

SDS 2
sc Berlikum 2
AVC 2
Leovardia 3

Bekerprogramma 29 augustus

It programma foar 29 augustus sjocht der dan no sa út:
SDS 1 – sc Franeker 1
SDS 2 – sc Berlikum 1
LAC frisia Vr.1 – SDS Vr.1

Kompetysje-yndieling SDS seal 1

Black Boys 6
Black Boys 4
vv Blauw Rood’20 2
Futsal Heerenveen 3
Futsal Heerenveen 5
Haskerland 3
Hielpen 1
Oeverzwaluwen 2
SDS 1
Workum 5
Opfallende ploegen binne Hielpen en de nije ‘sneinsferiening’ vv Blauw-Rood’20 út Boalsert.

Publyk

Mocht it sa wêze dat der by de wedstriden fan SDS tefolle taskôgers komme dan sykje wy nei kreative oplossingen 😉

Afbeelding

Seizoenkaart sc Heerenveen

Sc Heerenveen hat ynmiddels yn elts gefal al mear as 7000 seizoenkaarten ferkocht. Hjir kinne fansels noch folle mear by. Asto dyn seizoenkaart fan sc Heerenveen ferlingen giest of do keapest ien dan is dit de SDS-code; 7059420. SDS krijt fan eltse ferkochte of ferlingde seizoenkaart wêr ’t de SDS-code ynfuld wurdt €10,-. It soe moai wêze as wy as SDS’ers op dizze manier sawol sc Heerenveen as SDS stypje kinne!
Klik hjir om je seizoenkaart te ferlingen of te keapjen. Giesto foar it Gouden of Sulveren Pompeblêd?
Ynmiddels hawwe al 22 SDS’ers op dizze manier SDS en sc Heerenveen stipe!

Harsens derby (2239)

Ho!!