Efkes Balje

Oprop
10 juli 2020
Weppers snein 26-7-2020
26 juli 2020

Efkes balje mei brij yn de fuotten

Freed koe der wer efkes balle wurde yn Wommels. Wêr’t it ferline wike bonkehurd wie, like it no op plakken wol in iisbaan.
It wie wer de routine tsjin de beweging. It wie ek 6 tsjin 5 at je fanôf de sydkant de boel beseagen.
Yn it fjild wie it gewoan 5 tsjin 5 en wûn de beweging.
Dy sechde yn it fjild bij de routine dat wie in drama. Net dat hij safolle op de grûn lei as de oaren, net dat hij de moaiste kopkânsen miste, net dat hij blundere op de doelline, net dat syn lange bal net oankaam, net dat hij syn mantsje lykas altyd rinne liet.

Nee it wie gewoan in kwesty fan “brij yn de fuotten”.
Moallenbrij ek noch wol.
Net te iten en net te fertarjen.
Der siet gjin krêft yn, de rjochting wie net goed ôfsteld, de balâns wie der net en mei in sprint fan 8 sekonden op de earste 5 meter like it wol de ferdwaalde hesjeman dy’t per ûngelok it fjild oerstuts ynstee fan it paad lâns skoode.
Hoe moai de bal ek oanspile waard, hoe fier de tsjinstanner ek bij him weibleaun, hoe grut de kâns ek wie, it waard gewoan allegear ferprutst.
Hjir koe gjin routine tsjinop ek al diene se noch sa harren bêst en wiene se der ticht bij.
It like yn de grutte partij foar de 5 min 1 noch op in gelykspul út te draaien mar in “no look aksje” fan Michael soarge dat de beweechliksten wûnen. Syn heit Klaas wie bij de tsjinstanners en hij sil thús wol ferteld ha hoe’t dat doelpunt makke is.
De finale om 2 doelpunten waard úteinlik ek in proai foar harren. Sneu foar de ferliezers en it is mar goed dat der immen op fakânsje giet en der hopenlik yn slagget de brij der út te fytsen.

Beweegliken: Robin, Menno, Kerst, Lieuwe, Michael
Routine: Wouter, Johan, Klaas, Harry, Ferrie en Aant

PS: dy oaren wiene allegear geweldich……